Ljouwert (stêd)
Ut Wikipedy
Ljouwert (Leeuwarden) is de haadstêd fan Fryslân en ek it haadplak fan de gemeente Ljouwert. De stêd hat 86.383 ynwenners (1 jannewaris 2006).
Ljouwert is ûntstien út trije terpen op de râne fan de Middelsee, te witten de terpen Aldehou, Nijehou en Hoek.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] Untstean
De skiednis fan Ljouwert giet werom oant de Romeinske tiid. Doe wennen der al minsken op it plak dêr't no de Aldehou stiet. Ljouwert is ûntstien op terpen dy't opsmiten waarden oan in ynham fan de Middelsee dy't letter tichtslike en ynpoldere waard. De rivierkes Ie, Fliet en Potmarge mûnen by dizze terpen út yn see. De terpbewenners bestienen fa lânbou, fiskerij en skipfeart. Ljouwert lei geunstig oan see en ûnderhold hannelskontakten mei oare hannelsplakken lykas Lübeck en mei de Eastseelannen. Op de terpen ûntstiene trije delsettings: Aldehou, Nijehou en Hoek.
Aldehou, dat fanâlds in úthôf fan it kleaster Corvey yn Dútslân wie, hie yn it midden fan de 12e ieu al in tsjerke, wijd oan de hillige Fitus. Yn akten út de 14e ieu komt de Sint-Vitustsjerke fan Aldehou foar ûnder de namme Liiewardensis. Yn 1285 stie Ljouwert al as stêd te boek yn in Dútske hannelsakte.
Tusken 1200 en 1300 sliket de Middelsee dicht en waard de hannel minder fanwege it ûntbrekken fan in haven. De measte handel waard doe ferlein nei de omlizzende regio. Yn 1392 stiene de omlizzende gritenijen de magistraat fan de stêd hege rjochtspraak ta.
[bewurkje seksje] Stedsrjocht
Yn jannewaris 1435 waarden Aldehou, Nijehou en Hoek gearfoege ta ien stêd, Ljouwert, dy 't yn datselde jier stedsrjochten krige.
De 15e ieu waard behearske troch de striid tusken Skieringers en Fetkeapers. Ynit algemien stienen de stêden en it plattelân efter de Skieringers. Ljouwert wie it bolwurk fan de Fetkeapers. De partijstriid late ta de bou fan nije ferdigeningswurken. It yntern ferdielde Fryslân waard om 1500 ûnderwurpen troch Albrecht fan Saksen.
Nei de ûnderwerping troch Albrecht fan Saksen waard Ljouwert de setel fan it Hof fan Fryslân dat him dwaande hâlde mei bestjoer en rjochtspraak. Dit kolleezje krige yn 1571 in eigen ûnderkommen, de Kânselarij. Yn deselde tiid waard yn Ljouwert ek it tsjerklik gesach fêstige. De Sint-Fitustsjerke waard de setel fan de deken en de wichtichste tsjerke fan Fryslân. Alle lânshearen en steedhâlders waarden yn dizze tsjerke ynhuldige. Yn 1559 waard Ljouwert ta biskopssetel ferheft fan it nij oprjochte bisdom Ljouwert. Cunerus Petri, de ienige biskop, belanne by de kalvinistyske machtsoername koarte tiid yn it gefang en ferliet Fryslân dêrnei definityf. De Sint-Fitustsjerke waard yn de jierren 1595 en 1596 wegens fiergeande boufallichheid ôfbrutsen.
De 16e en 17e ieu foarmen in gouden tiid foar Ljouwert. Ljouwert krige oansjen trochdat it de residinsje waard fan de Fryske Nassau's dy't steedhâlder waarden fan de noardlike provinsjes. Yn dizze ieuwen kaam de stêd ta grutte bloei. It oantal ynwenners gie omheech fan 5.000 om it jier 1500 oant 16.000 yn 1650.
Ljouwert hearde doe by de tsien oansjenlikste stêden fan Nederlân. Dêrfan tsjûgje no noch prachtige gebouwen as de Kânselarij (wêr't rjocht sprutsen waard), it Steedhâlderlik Hof, de Waach (as sintrum fan de hannel), en de skeane toer de Aldehou.
[bewurkje seksje] Stedsgrêften
It wolfarrende Ljouwert moast wol beskerme wurde tsjin fijannen. Dêrom waard om de stêd in grêft groeven waard der in wâl opsmiten. Dizze ferdigeningswurken binne letter, doe't se oerstallich waarden ôfbrutsen of ta plantsoen makke. De grêften yn de binnenstêd binne op dy fan de Nijstêd, Foarstreek, De Tunen, de Weaze en it noardlike diel fan it Schavernek nei allegear dimpt. De grêften dy't dimpt binne betreffe û.o. dy fan Iewâl, Twibaksmerk, Nijebuorren, Grutte Tsjerkestrjitte, en De Alde Hearegracht (saailân). Yn de 19e ieu ûntstienen de earste wiken bûten de stedsgrêft.
Yn de 19e ieu waarden de ferbinings fan de stêd ferbettere. Yn 1827 begûn it ryk mei de oanlis fan strjitwegen fan Ljouwert nei Oerisel en nei Grins, Harns, Snits en De Lemmer. Boppedat waarden de âlde trekfearten útdjippe en ferbettere. Yn 1863 ûntstie de spoarferbining tusken Ljouwert en harns. Koart dêrnei kamen de spoaren nei Swol, Grins en Snits ta stân.
Yn 1944 waard in diel fan de gemeente Ljouwerteradiel anneksearre, wêrtroch't Ljouwert der 15.000 ynwenners by krige.
[bewurkje seksje] Binnenstêd
Ljouwert hat in monumintale binnenstêd mei in pear hûndert histoaryske wenhûzen, tsjerken en oerheidsgebouwen fan de lette midsieuwen oant de 19e ieu ieu. Wichtichste monuminten binne de Aldehou, de Kânselarij, de Grutte of Jakobinertsjerke en de Bonifatiustsjerke.
De Prinsetún is in park oan de noardkant fan de binnenstêd fan Louwert.
[bewurkje seksje] Susterstêd
Yn 1990 gie de gemeente in stedebân oan mei de Russyske stêd Orjol. Neidat Orjol minder florissant foar ljocht kaam en it nut fan de bân yn twifel lutsen waard en te djoer fûn waard, hat de gemeente yn 2002 de bân mei har susterstêd ferbrutsen.
Yn de perioade fan de stedebân hat der ûnder mear in útwikseling west fan kuorbalteams, hawwe Ljouwerters de Russyske stêd besocht en is der in Russyske temawike organisearre wêryn it Fersetsmuseum fan Ljouwert de eksposysje mei as titel ‘Orjol 1941-1943, byld fan in Russyske stêd yn oarlochstiid’ tentoanstelde.
[bewurkje seksje] Rjocht en bestjoer
[bewurkje seksje] Rjocht
Twa rjochtsgebouwen stean der yn Ljouwert: in gerjochtshof en in rjochtbank. It gerjochtshof stiet oan de kopse kant fan it Wilhelminaplein. It saneamde Ressort Ljouwert omfet de arrondisseminten Ljouwert, Assen en Grins. De rjochtbank sit yn in nij gebou fan arsjitekt Abe Bonnema dat oan de langsside fan it Wilhelminaplein stiet. Hjiryn sitte it kanton- en de arrondissemintsrjochtbank.
[bewurkje seksje] Stedsbestjoer
De boargemasterspost is op't heden fakant. B&W, de gemeenterie en harren meiwurkers hawwe harren wurkplak yn it stedhûs fan Ljouwert. Oant 1993 sieten alle gemeentlike tsjinsten yn it stedhûs en bygebouwen. Ein jierren tachtich kaam der fanwege romtegebrek in nij stedskantoar oan it Aldehoustertsjerkhôf wêr't in grut kompleks foar wike moast. It monumintale Burmaniahûs bleau wol oerein maar waard ynsletten troch de nijbou. Yn 1993 waard it stedskantoar yn gebrûk nommen.
Elke wyk hat oer in wykwethâlder en in stedsdielbehearder.
(Sjoch foar polityk Ljouwert by Ljouwert (gemeente))
[bewurkje seksje] Wenjen
[bewurkje seksje] Wykyndieling
De stêd is ûnderferdield yn wiken dy't wer ûnderferdield binne yn 58 buerten.
[bewurkje seksje] Stedsfernijing
De binnenstad is diels autolij makke troch in trochgeande wei te foarsjen fan beweechbere peallen wêrby't allinnich bussen der troch kinne. Fierders is der ferskerpe tasicht mei it each op de feilichheid yn de binnenstêd. In oantal âlde stedswiken mei in soad kriminaliteit en leechstân binne renovearre. De folgjende trije wiken binne fernijd: de Vegelinbuert, de Frijheidswyk en Skieringen-Heechterp.
- De Vegelinbuert is in âlde arbeidersbuert, in wyk mei in soad ferslaafden en kriminaliteit. DEr wiene in soad húskemelkers. It grutste diel fan de buert is saneard wêrnei't der nije huzen boud binne foar húshâldings.
- De Frijheidswyk hat in soad heechbou út de jierren sechstich. In oantal flats is sloopt, hjirfoar komme appartemintekompleksen en iengesinswenten yn 't plak. In wichtige reden om foar sloop te kiezen wie om ilegale bewenning in halt ta te roppen. Ek yn dizze wyk wie in soad kriminaliteit. Anno 2007 wenje der in soad studinten.
- De wyk Skieringen-Heechterp komt oerien mei de Frijheidswyk kwa boujier en soart bebouwing. Der wie in soad kriminaliteit, inkele flats binne sloopt t.b.v. iengesinswenten mei grutte tunen. Hjir wenje ek in soad studinten en jongerein. Der binne ek nije appartemintekompleksen boud.
- Binnestêd:
-
- It sân ferdjippings tellende gebouw Amicitia, wurdt restyled ta in futuristysk eagjend gebou. It leit op in prominint plak yn de binnestêd fan Ljouwert. It ûntwerop foarsjocht yn it werûntwikkeljen en it restylen fan it kantoargebou nei apparteminten op de ferdjippingen en it hanthaven fan winkelromte op de begeane grûn. Oant 1968 hat op dizze lokaasje in byldbepalend hotel stien, neamd 'Amicitia'. Yn 1969 waard der, kenmerkend foar dy tiid, gewoan in flatgebou foar yn't plak setten. It plan foar dizze lokaasje is yn ûntwikkeling.
- Sûnt 2007 is de sintrumring diels ienrjochtingsferkear. Ek is it stedssintrum fierder autolij makke mei busslûzen.
- Suderplantaazje leit oan de súdrâne fan Ljouwert. Tichtby Huzum-Doarp en it Drachtsterplein wurde 49 iengesinswenten ûntwikkele. Fierders komme der 107 apparteminten dy't bestean út in wentoer mei 16 ferdjippings (45 apparteminten) en twa 7-laachske appartemintsgebouwen (elk 31 apparteminten). Der is in wenbuert mei lytsere strjitten komd dy't oanslút by de lytsskealigens en diversiteit fan it besteande doarp Huzum.
[bewurkje seksje] Ekonomy en wurk
Ljouwert hat ûngefear 55.000 arbeidsplakken. It grutste gedielte hjirfan nimme ûndersteande organisaasjes foar harren rekken:
[bewurkje seksje] Bedriuwen
Yn Ljouwert sitte in tal haad- en regiokantoaren fan grutte tsjinstferlienende ûndernimmings lykas KPN, Friesland Bank, Rabobank, Postbank, ING, ABN-Amro, AEGON, Achmea, in gedielte fan Sintraal Behear en FBTO. Fierders binne der in grut suvelkonsern (Friesland Foods), twa haadkantoaren fan regionale kranten (Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd) mar ek in soad lytsere bedriuwen. Fan de kantoaren is de rom 114 meter hege Achmeatoer opfallend. Ek hat de stêd mei Cendris B.V. en Creative Industries twa grutte callcenters/marketingbedriuwen yn hûs.
[bewurkje seksje] Oerheidsynstellingen
Ljouwert hat fêstigings fan de Belestingtsjinst, douane, it Ministearje fan Lânbou, de Keamer fan Keaphannel, Rykswatersteat, it Ministearje fan Justysje en it Sintraal Justisjeel Ynkasso Buro (CJIB) binnen har grinzen. Fierders binne der twa finzenissen - it Hûs fan Bewarring en de Penitinsjêre Ynrjochting De Marwei - en yn it noard-westen fan Ljouwert leit militêr fleanfjild fan de Keninklike Loftmacht.
[bewurkje seksje] Yndustryterreinen
Der binne trije grutte yndustryterreinen yn Ljouwert: Ljouwert West is it âldste yndustryterrein, dit yndustryterrein wurdt anno 2007 revitalisearre. Yn de jierren '80 is yndustryterrein Himrik oanlein. It nijste yndustryterrein is Newtonpark, oan de súdwestkant fan de stêd. It terrein fan Friesland Foods kin kwa grutte ek as yndustryterrein oangemerke wurde.
[bewurkje seksje] WTC Expo Ljouwert
Yn 1963 waard der in nije feemerkhal boud dy't De Fryslânhal hiet. Yn de rin fan de jierren kamen der hieltiten mear foarsjennings by. Nei in brân yn 1996, waard der in nij en grutter gebou delset. Sa ûntstie it FEC (Frisian Expo Center), tsjintwurdich WTC Expo Ljouwert neamd. It WTC Expo Ljouwert is in multyfunksjoneel gebou mei beurzen, eveneminten, in feemerkhal, in ijshockeybaan, kongressen en in kasino.
[bewurkje seksje] Winkels
Ljouwert hat in grut ferskaat oan winkels, de belangrykste winkelstrjitten binne de Nijstêd, Wurdumerdyk, it Wilhelminaplein en de Foarstreek. Op it Wilhelminaplein is alle freeds in wykmerk.
Oan de râne fan it sintrum sit it retailpark De Sintrale, wêr't eartiids de PEB Sintrale (P.E.B. stiet foar Provinsjaal Elektrisiteits Bedriuw, letter opgien yn it tsjintwurdige Nuon N.V.) siet. Doe't dit bedriuw ferdwûn wie, kaam it terrein yn 1989 fan 7 ha. te keap. In projektûntwikkelder kocht it ferlitten fabryksterrein dat sloopt waard om plak te meitsjen foar 12.000 m² winkellokaasje. Yn 1991 iependen de earste winkels harren doarren. Hjir binne ek winkels mei gruttere ferkeapoerflakken lykas Media Markt. Ek binne der inkele spesjaalsaken en in boumerk fêstige. De kommende jierren sil nochris 13.000 m² bygeboud wurde. Dêrmei komt it totale winkeloerflak op 42.000 m². De opset en de bransearring bart in nauwe gearwurking mei de gemeente.
[bewurkje seksje] Bedriuws- en ûndernimmersferienings
- Kommersjele Klub Ljouwert
- Leon
- Merkkontakt Fryslân
- Nije Garde Ljouwert
- Jong Bedriuwen Netwurk Fryslân
[bewurkje seksje] Media
Foar nijsfoarsjenning binne der in Ljouwert ferskate kanalen. De twa deiblêden dy't har beide op de hiele provinsje rjochtsje binne de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. Fierders binne der de gratis blêden lykas de Hûs oan Hûs, De Stedskrante, Liwwadders, en UIT (ek as taheaksel fan de Ljouwerter Krante). Omrop Fryslân rjchtet har mei radio, tv en ynternet benammen op de hiele provinsje en de lokale omrop Omrop Merkurius rjochtet har mei deselde middels spesifyk op de gemeente Ljouwert. Op ynternet is liwwadders.nl sterk fertsjintwurdige, krektas de sites fan de beide deiblêden en de beide omroppen. NijsTV stjoert nijsberjochten út, kombinearre mei de radio-útstjoerings fan Omrop Merkurius.
De Riedsgearkomsten wurde útstjoerd fia it lokale radiostasjon dat ek útstjoert fia ynternet.
[bewurkje seksje] Keunst en kultuer
Ljouwert hat in grutte kulturele ynfrastruktuer wêrûnder in skouboarch, musea en lytsskealige poadia.
[bewurkje seksje] Belied
Yn 1998 ferskynde de earste gemeentlike kultuernota ûnder de titel 'Tusken de stiennen it semint' (nota 1998-2000); dizze befette in werjefte fan de oanwêzige ynfrastruktuer. Mei de opfolgjende nota 'Ut it kultureel reseptenboek' (nota 2001-2004) waarden besunigingen trochfierd. Yn de nota 'Behâlden Feart' (nota 2005-2008) waard om fierder te besunigjen de tsiissskaafmetoade as net-winsklik beskôge en waarden taken tafoege oan besteande ynstellingen en is der foar keazen om rigûreus it doek falle te litten foar Theater Romein en flink te besunigjen op de Ljouwerter bibleteken. In nije stifting is oprjochte om it eardere teater en poppoadium te realisearjen.
[bewurkje seksje] Foarsjennings
[bewurkje seksje] Konsert en teater
- WTC Expo Ljouwert
- De Harmony, stêdsskouboarch
- Poppoadium Romein
- Poadium 058
- Kafee Scooter's
- Grandkafee Rembrandt
- Muzykkafee De Gloppe
- Alternatyf Rockcafé Mukkes
[bewurkje seksje] Film
- Sintrum foar Film yn Fryslân
- Filmhûs
- bioskoop Tivoly
- bioskoop Cinema
[bewurkje seksje] Musea
- Frysk Museum
- Pier Pander Museum
- Fersetsmuseum Fryslân
- Princessehof Ljouwert - nasjonaal keramykmuseum, sjoch ek: Papingastins
- Natuermuseum Fryslân
- Tresoar - Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum
- Histoarysk Sintrum Ljouwert
- Pier Pander Museum
- Frysk Film Argyf
[bewurkje seksje] Eveneminten en festivals
- Alvestêdetocht. Ljouwert is start- en einpunt hjirfan.
- Noardlik Film Festival
- Frysk Strjittefestival
- Friesland Vaart
- Domino Day
- Ljouwert Kulinêr. Ytfeest organisearre troch de pleatslike serviceclub Lions Ljouwert '80 wêrby't de opbringst nei in goed doel giet.
- Feemerk. Dit is de grutste feemerk fan Nederlân.
- Blommemerk. Dizze grutste blommemerk fan Nederlân is altyd op Himelfeartsdei.
- Media Art Festival. Jierliks festival sûnt 1997 wêrby't nije-mediakeunst fan jonge keunstners sintraal stiet.
Yn de stêd binne ek de ynstellings fêstige dy't foar de Fryske taal tige fan belang binne. Dat binne benammen de Afûk, de Fryske Akademy en Tresoar.
Yn Ljouwert wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk sprutsen.
[bewurkje seksje] It besjen wurdich
[bewurkje seksje] Monuminten
Mei 575 ryksmonuminten stiet Ljouwert yn de top-15 fan Nederlânske monumintegemeenten, tanksij in histoaryske binnenstêd en wenwiken út de lette njoggentjinde en ierge 20e ieu. Ek hat de stêd beskerme stedsgesichten lykas de binnenstêd mei singels, it Nije Kanaalgebiet en de Hollanderwyk. Dizzen wurde beskerme omdat se in bysûndere romtlike struktuer en karakter hawwe, wêryn in ûntwikkelingsskiednis fan soms ieuwen te sjen is. De beskerming jildt foar it histoarysk groeide patroan fan gevelwanden, strjitten, pleinen, grêften en griengebieten en de ûnderlinge ferhâlding dêrfan. Neist de ryksmonuminten binne der 375 byldbepalende panden.
De monuminten betreffe wenhuzen, tsjerken, mûnen, pakhuzen winkel- en kantoarpanden en ek parken, in midsieuske waterrin en stânbylden. Ek de kaaien en pipen yn de binnestad en dielen fan de âlde omwâlling en grêften binne monumintaal. De âldste monuminten datearje út de 13e ieu, wêrûnder de Grutte of Jakobinertskerke (kleastertsjerke fan de Dominikanen) mei ferneamd Christian Müllerorgel en de parochytsjerke fan Swichum (wijd oan de hilligen Nicolaas en Katarina). It jongste monumint is it Burmaniakamp út 1940, de Dútse manskippenferbliuwen tsjinoer de fleanbasis. Yn de tuskenlizzende ieuwen binne panden boud as de Kânselarij, de Waach (beide út de Renêssânseperioade) en hearehuzen oan de Twibaksmerk, de Foarstreek en de Nijstêd. De grutste groep ryksmonuminten bestiet út ienfâldige wen- en winkelpanden.
Mar ek inkele argeologyskefynplakken binne beskerme as monumint fanwege in hege argeologyske ferwachting.
[bewurkje seksje] Alde arsjitektuer
- Kânselarij, wêr't rjocht sprutsen waard tusken 1571 en 1811
- Waach, it âlde sintrum fan de hannel
- Aldehou, in ûnôfbouwe skeane tsjerketoer
- Sint-Bonifatiustsjerke, ien fan de belangrykste neogoatyske bouwurken fan Fryslân
- Paleis fan Justysje (1852) oan de kop fan it Wilhelminaplein
- Stasjon Ljouwert (1863)
- Stedhûs
- Provinsjehûs
- Grutte of Jakobinertsjerke
- Blokhûspoarte
- Stedsweeshûs ferboud ta Frysk Natuermuseum
- Westertsjerke ferboud ta teaterromte
- de Beurs ferboud ta bibleteek
[bewurkje seksje] Moderne arsjitektuer
- Postbank-gebou, arsjitekt: Abe Bonnema. De top fan it gebou wurdt sierd trroch in grut keunstwurk fan Marte Röling.
- de 114 meter hege Achmeatoer (2001), arsjitekt: Abe Bonnema. De toer helle inkele kearen it lanlik nijs troch spontaan fallende gevelplaten.
- it business center Crystalic (2002), arsjitekt: Gunnar Daan
[bewurkje seksje] Rekreaasje en fertier
Der binne mear as 100 horeka-gelegenheden yn Ljouwert, wêrûnder in soad kroegen, in tal feestkafees en fjouwer diskoteken. De iepeningstiden binne rom: der binne by dy't moarns om seis oere pas slute.
[bewurkje seksje] Kafees
Ljouwert hat in grut tal kroegen. Dy sitte benammen yn de Doelesteech, om it Ruterskertier, by it Gûverneursplein en oan de Nijstêd. Inkele kafees hawwe in poadiumfunksje, sjoch hjirfoar by 'Keunst en Kultuer' ûnder 'Konsert en teater'.
Kafees út de lanlike Kafee Top 100 fan it horekafakblêd Misset Horeca:
- Irish Pub Paddy O'Ryan (#28 yn 2008; #15 yn 2007)
- Kafee De Stee (#39 yn 2008; #45 yn 2007)
- Kafee De Striehoed (#99 yn 2008)
Tige âlde Kafees:
- Kafee Blauhûs (âldste kafee)
- Oranje Bierhûs (sûnt 1857)
- Kafee De Oksekop (sûnt 1912) (skilder Sir Lawrence Alma-Tadema brocht fan 1837 oant 1840 syn bernejierren troch yn de wente op dit adres, wylst syn heit dêr ek in notariskantoar hie. It Kafee is lokaal ek bekend as Kafee Eijgelaar, nei de namme fan de kastlein)
- Bierhûs Lampie (sûnt 1926)
[bewurkje seksje] Diskoteken
- Club Noa
- Purple Food & Drinks
- Fire Palace
- Rumours
- Poadium 058
Fierders binne der ferskate dûnskafees lykas Kafee Kafee en kroegen oan de Doelesteech.
[bewurkje seksje] Hotels
- Bastion Hotel Ljouwert
- Eden Oranje Hotel
- Hotel Bêd & Brochje Bordine Studiorent
- Hotel Kafee 't Anker
- It Eurohotel
- Hotel Steedhâlderlik Hof
- Hotel Wyswert
[bewurkje seksje] Ytgelegenheden
- Doozo (fan 16 jannewaris 2006 o/m 10 april 2007 die it sushirestaurant mei oan it populêre televyzjeprogramma Myn Tinte is Top en waard in de finale ferslein]])
- Pizzeria Sardegna
- Siderius
- Spinoza
- Humphrys
- Café Café
- StadsCafé
- Dikke Van Dale
[bewurkje seksje] Parken
- Prinsetún. De omjouwing fan dit stedspark vormt het hoofddecor van De koperen tún, de roman fan Simon Vestdijk wêr't ek ik etablissemint yn dit park nei neamd is.
- Rengerspark
- Froskepôle
- Ljouwerter Bosk
- Westerpark of Foksepark
- Dr. Zamenhofpark
- Julianapark
- Abbingapark
- De Griene Stjer (in rekreaasjegebiet mei natuer, in kemping, in strân en in nudistestrân )
[bewurkje seksje] Religy
Yn Ljouwert binne in soad leauwensmienskippen lykas it roomske en protestantsje leauwen en de islam.
[bewurkje seksje] Protestants
Under de protestantse tsjerke y.o. falle de tsjerkegemeentes:
- Grutte of Jakobinertsjerke; Müller-oargel (1727); P.J. Vermeulen-oargel yn it koar (1977); J. Meister-oargel yn de sakristy (1766)
- De Adelaar/De Reinbôge
- De Skeakel
- Fenix/Goede Herder
- Koepelkerk; Vermeulen-orgel (1935)
- Pelikaantsjerke (gebou út 1932 fan arsjitekt Egbert Reitsma, lid fan De Ploeg); Valckx en Van Kouteren-oargel
- Salvatortsjerke/De Iepen Hof
- Kapel-Skrânswyk
- Kuriostsjerke
- De Oase
- Doarpstsjerke (yn Huzum-Doarp)
It periodyk fan de protestantse tsjerken hjit 'De Geandewei'.
[bewurkje seksje] Rooms katolyk
De parochy fan de roomsk-katolike tsjerke yn Ljouwert hjit de Titus Brandsma Parochy. Dy hat twa tsjerkegebouwen yn behear: de Sint-Bonifatiustsjerke en de Sint Dominikustsjerke. Yn de Sint Dominikustsjerke stiet in merakelse byltnis fan Us Leaffrou fan Ljouwert.
[bewurkje seksje] Islam
- moskee Ulu
- moskee Aya Sofya, Turkse moskee
[bewurkje seksje] Oars
- Kristlik Gereformearde Tsjerken: Betheltsjerke
- gereformearde tsjerke frijmakke: De Moarnsster
- remonstrantse gemeente: Waalse Tsjerke; Johann Michaell Schwartzburg-oargel (1740)
- doopsgesinde gemeente
- baptistyske gemeente: De Parktsjerke
- frije baptistyske gemeente: De Wyngaard
- evangelyske gereformearde gemeente
- evangelyske gemeente De Salvator, evangelyske gemeente De Doar
- evangelyske gemeente Perspektyf
- evangelysk Luterse gemeente
- vrije evangelyske gemeente
- folle evangelyske gemeente Nij Libben
- folle evangelyske gemeente: Opstandingstsjerke
- pinkstergemeente: Elim
- Fergadering Fan Leauwigen
- Leger des Heils
- Ark of Covenant Church
Fierders binne der byienkomsten yn de tsjerkeseal fan it sikehûs MCL-Súd, in fersoargingshûs De Hofwijck en ferpleechhûs Parkhove, en yn It Oanrinhûs.
[bewurkje seksje] Underwiis
[bewurkje seksje] Middelber ûnderwiis
Yn Ljouwert binne ferskate skoallen foar middelber beropsûnderwiis en fuortset ûnderwiis, wêrûnder it Fryslân Kolleezje, de Fryske Poarte, CSG Comenius, AOC Fryslân, Kristlik Gymnasium Beyers Naudé en 5 skoallen dy't hearre by de skoallemienskip Piter Jelles.
[bewurkje seksje] Heger ûnderwiis
Yn Ljouwert binne trije skoallen foar heger beropsûnderwiis: Hegeskoalle Van Hall Larenstein, de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert en Stenden hegeskoalle (fusy fan de Kristlike Hegeskoalle Nederlânen de Hegeskoalle Drinte).
Ek telt Ljouwert festigingen fan de Universiteit Wageningen, Ryksuniversiteit Grins en de Hânzehegeskoalle Grins. De yn Ljouwert festige Akademy foar Popkultuer is fan dizze lêstneamde HBO-ynstelling in oplieding.
Daarneist sit de Iepen Universiteit ek yn Ljouwert. De Iepen Universiteit biedt heechweardich ôfstânsûnderwiis oan foar eltsenien boppe de 18 jier.
[bewurkje seksje] Sport
Der binne fjouwer grutte sportparken yn Ljouwert:
- Kalverdijkje
- Sportpark Nylân
- Sportpark De Magere Wijde
- Cambuurstadion, hjir fuotballet de prof-fuotbalclub fan Ljouwert, Cambuur Ljouwert. It Cambuur-Stadion stiet hast midden yn de stêd, wat net faak mear foarkomt yn Nederlân. Hjir en dêr yn de stêd lizze noch wat oare, lytsere sportparken.
Fierders binne der twa gemeenteswimbaden:
- Swimbad De Blauwe Golf
- Swimbad Kalverdijkje
Sportevenement:
[bewurkje seksje] Ferkear en Ferfier
Mei de foarljochtingskampanje “Rom baan foar berikberheid” wol de gemeente safolle mooglik omtinken jaan oan de ynfrastrukturele wurksumheden. It ferbetterjen fan de berikberheid fan Ljouwert is in spearpunt fan it gemeentlik Ferkears- en Ferfiersplan (GVVP). Mei de útfiering fan ûnderhâldswurksumheden en de oanlis fan nije ynfrastruktuer wol men hjirmei berikke dat Ljouwert ek yn de takomst berikber bliuwt, dat men maklik en fluch it paad fine kin en dat der genôch parkearplakken binne. Yn 2007 is der in twadde gruttte parkeargaraazje yn it sintrum by komd, ûnder it Aldehoustertsjerkhôf.
[bewurkje seksje] Weiferkear
In oantal haadwegen ferbynt Ljouwert mei oare stêden:
- A31 Ljouwert - Harns - Ofslútdyk - Amsterdam
- A32 Ljouwert - It Hearrenfean - Swol
- N31 Ljouwert - Drachten - Emmen
- N355 Ljouwert - Grins
Yn de jierren 50 en 60 is der in ringweg om Ljouwert oanlein, dy't no midden yn de stêd leit. Oare belangrike wegen yn Ljouwert binne:
- Grinzerstrjitwei
- Groenewei
- Noarderwei
- Harnzerstrjitwei
- Mr. P.J. Troelstrawei
- Westersingel
- Lange Merkstrjitte
- Tesselschadestrjitte
- Eastergoawei
- Fliet
- Drachtsterwei
- Oeriselske Strjitwei
- Marshallwei/Newtonleane
- Rengersleane
[bewurkje seksje] Ferbinings
Ljouwert is it sintrale punt fan de spoarwegen yn Fryslân. Oan de súdkant fan de âlde binnestêd stiet it stasjon Ljouwert, dêr't alle treinen fan ôfsette. De neikommende spoaren slute oan op dit stasjon:
- it spoar fan Harns nei Ljouwert
- it spoar fan Ljouwert nei Starum
- it spoar fan Ljouwert nei Grins
- Achter de Hoven is in treinhalte yn Ljouwert, dy't oan de spoarwei Ljouwert - Grins leit.
- Halte Achter de Hoven, stasjon mei beperkte tsjinstregeling
- Stasjon Cammingabuorren
- it spoar fan Ljouwert nei Swol, Skiphol, Utert/ Rotterdam
- Stasjon Ljouwert Werpsterhoek In takomstich stasjon
Ferfallen spoaren:
- it spoar fan Ljouwert nei Eanjum- bekend as It Dokkumer Lokaaltsje - en nei Harns/Frjentsjer fia Stiens.
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten fan Ljouwert.
[bewurkje seksje] Iepenbier busferfier
Neist it treinstasjon Ljouwert is in busstasjon. Hjirwei rinne der buslinen nei û.o. Dokkum, Bûtenpost, Drachten, It Hearrenfean, De Jouwer, Snits Boalsert, Frjentsjer, Harns en Alkmaar.
Fia de stedstsjinstlinen is fan it busstation elke wyk berikber:
[bewurkje seksje] Wetterwegen
Ljouwert leit oan it drok befearne Van Harinxmakanaal, dat Ljouwert ferbynt mei Harns en it Prinses Margrietkanaal. Dizze rûtes wurde benammen brûkt frachtskipfeart. Foar plezierfeart wurdt de Dokkumer Ie tusken Ljouwert en Dokkum in soad brûkt. It is in trochgeande farrûte dy't wichtich is foar de plezierfeart yn NOard-Nederlân. In (el trochgeande) sydfeart fan de Dokkumer Ie, is de Bonkefeart, it einpunt fan de Alvestêdetocht. De Swette ferbynt Ljouwert mei it Fryske marregebiet fan Súdwest-Fryslân.
[bewurkje seksje] Foarsjennings
[bewurkje seksje] Bibleteken
Der binne trije bibleteken yn Ljouwert. De haadlokaasje is fêstige oan de Wurdumerdyk (sintrum) yn it eardere Beurs- en waachgebou. Fierders is der de bibleteek Ljouwert-Aldlân (súd) en de bibleteek Ljouwert-Bilgaard (noard), dy't (tydlik) bûten gebrûk is, omdat it winkelsintrum wêryn de bibleteek siet ôfbaarnd is. De bibleteek ûndersiket noch oft dizze lokaasje weriepen wurdt.
Fierders is der noch Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, wêr't de eardere Provinsjale Bibleteek diel útmakket. Dy sit oan it Aldehoustertsjerkhôf. Hjir is in soasd ynformaasje oer de provinsje Fryslân te finen. Hjir binne ek krante-argiven lykas dy fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd.
[bewurkje seksje] Sûnenssoarch
It MCL (Medysk Sintrum Ljouwert) is mei 990 bêden it grutste algemiene sikehûs fan Noard-Nederlân en teffens ien fan de grutste fan Nederlân. Yn it MCL binne alle medyske en ferpleechkundige spesjalismen te finen. Sûnt 2004 is it MCL (earder MCL-Súd) it ienige sikehûs fan Ljouwert.
[bewurkje seksje] Sosjale foarsjennings
Foar dak-, en thúsleazen is der SMO De Terp. Dit is in ynstelling wêr't dak-, en thúsleazen goedkeap terjochte kinne om te oernachtsjen
[bewurkje seksje] Bekende Ljouwerters
[bewurkje seksje] Polityk
- Rombertus van Uylenburgh (1554?-1624), politikus en boargemaster
- Willem IV van Oranje-Nassau (1711-1751), erfsteedhâlder fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen
- Pieter Jelles Troelstra (1860-1930), sosjalistyskh politikus, abbekaat, sjoernalist, dichter/skriuwer
- Mata Hari (Margaretha Geertruida Zelle) (1876-1917), fan spionaazje fertochte dûnseres en courtisane
- Johan Willem Albarda (1877-1957), sosjalistysk politikus
- Tom Pitstra (1949), politikus foar GrienLinks
[bewurkje seksje] Religy
- Obbe Philips (1533-1568), doopsgesind foarman
- Ype Schaaf (1930-2003), predikant en sjoernalist
[bewurkje seksje] Wittenskip
- Willem Frederik Reinier Suringar (1832-1898), botanikus
- Cornelis Adriaan Lobry van Troostenburg de Bruyn (1857-1904), skiekundige
- Bernard Slicher van Bath (1910-2004), lânbouhistoarikus
[bewurkje seksje] Media
- Alexander Cohen (1864-1961), sjoernalist en provokateur
- Max Blokzijl (1884-1946), sjonger en sjoernalist
- Wilfred Genee (1967), televyzjepresentator
- Harold Verwoert (1968), presentator, sjonger, akteur
[bewurkje seksje] Keunst en kultuer
- Hans Vredeman de Vries (1527-1609 ), keunstner
- Wybrand de Geest (1592-1661), keunstskilder
- Saskia Uylenburgh (1612-1642), frou fan Rembrandt
- Abraham Lambertsz. van den Tempel (1622-1672), keunstskilder
- Wigerus Vitringa (1657-1725), keunstskilder en advokaat
- Onno Zwier van Haren (1713-1779), skriuwer
- Johan Joeke Gabriël van Wicheren (1808-1897), portretskilder
- Thomas Adrianus Romein (1811- 1881}, stedsarsjitekt
- Piet Paaltjens (1835-1894), dichter en predikant. Echte namme: François HaverSchmidt.
- Willem Cornelis de Groot (1853-1939), arsjitekt
- Johannes Hendricus Jurres (1875–1946), skilder en heechlearaar
- Gerrit Benner (1897-1981), keunstskilder
- Maurits Cornelis Escher (1898-1972), keunstner.
- J. Slauerhoff (1898-1936), dichter en skriuwer
- Havank (Hendrikus Frederikus van der Kallen) (1904-1964), skriuwer fan populêre misdieromans
- Pieter Terpstra (1919-2006), skriuwer en sjoernalist
- Jeanne Adema (1944), keunstneresse
- Piter Wilkens (1959), sjonger en lietjeskriuwer
- Tjitske Reidinga (1972), aktrise
- Jan Jaap van der Wal (1979), kabaretier en kollumnist
[bewurkje seksje] Sport
- Theo de Jong, (1945), fuotballer
- Harm Wiersma (1953), dammer en politicus voor de LPF
- Foeke Booy (1962), ex-voetballer en voetbalcoach
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Thomas Peters (1745-1857), jildt as de earste persoan yn'e wrâld dy't âlder wurden as 110 jier
- Hendrik Voordewind (1887-1972), kommissaris fan plysje yn Amsterdam
- Sybren Tulp (1891-1942), militêr en haadkommissaris fan plysje yn Amsterdam
- Cor Boonstra (1938), ûndernimmer
- Arie van der Vlis (1940), generaal
- Cisca Dresselhuys (1943), feministe
- Hans Monderman (1945-2008), ferkearskundige
[bewurkje seksje] Kuierrûte
- Sef Passage en Leendert Plaisier, Leeuwarden in de Schaduw van Havank (en andersom...). Leeuwarden: Stifting Utjouwerij Perio/Stifting Mateor, 1995.

