Mitselwier

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Mitselwier
Himrik fan  Mitselwier
Gemeente Dongeradiel
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2006) 920
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 53° 22' NB, 6° 4' EL
Netnûmer 0519
Postkoade 9123
Webstee www.mitselwier.com

Mitselwier hat lang it haadplak west fan sawol de gritenij as gemeente East-Dongeradiel. It doarp hat no sa'n 920 ynwenners. Dat betsjut dat it plak yn tsjinstelling ta oare doarpen yn Dongeradiel grutter wurden is. Mitselwier hat hiel âlde papieren. Der wurdt tocht, dat it al inkele ieuwen foar de jiertelling bewenne wie. Ek yn Mitselwier is de âlde terp lykwols net geef mear.

Der is yn Mitselwier in protte dien om it doarp yn âlde steat te hâlden. De doarpsfernijing yn it begjin fan de jierren santich, krige ek fan bûten Fryslân omtinken. Dit hie benammen te krijen mei it opknappen fan de Tsjerkebuorren, in stik as wat steechjes rûnom de tsjerke midden op de terp.

Tsjerke fan de westkant sjoen
Tsjerke fan de westkant sjoen

Ynhâld

[bewurkje seksje] De Herfoarme tsjerke

De tsjerke sa as dy der no stiet, is yn 1776 boud. Dy kaam yn 't plak fan in eardere tsjerke. Yn de tsjerke is in tinkstien foar Balthasar Becker (Mitselwier, 1634 - Amsterdam, 11 juny 1698) dy't yn Mitselwier berne is as soan fan de dûmny.

Yn it koar is in tinkstien oanbrocht dy't oanjout fan hoe heech it wetter stien hat by de Alderheljenfloed fan 1570. Dêr binne doe 1800 minsken by omkommen yn de Dongeradielen.

It oargel is yn 1819 boud troch J.R.Radersma en L. van Dam & Zn. It hat in skoft yn Spannum stien. Yn 1852 is it nei Mitselwier oerbrocht. Yn 1986 hawwe Mense Ruiter Orgelmakers it werombrocht sa as it foar Spannum boud wie.

Yn de tsjerke leit in grêfstien foar Christoffel van Sternsee (†1560) en Cunera van Ropta (†1555)

[bewurkje seksje] States

Mitselwier hie alear trije states.

De wichtichste wie Ropta of Ropperda, dat al yn de 13e ieu neamd wurdt. De Ropta's wie in machtich slachte. De Ropta dy't it measte namme makke hat, wie Worp fan Ropta (†1302).

Oan de súdkant fan de tsjerke lei de state Wibalda. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt de tún en it hûs fan Wibalda-state neamd.

Direkt eastlik fan'e tsjerke, mei in greft rûnom, lei Uniastate.

Fan de states is neat oerbleaun.

[bewurkje seksje] De Ropta-mûne

Oan de noardkant fan it doarp stiet de Ropta-mûne. De mûne wurdt no yn goede steat hâlden troch de Stichting Monumentenbehoud Dongeradeel.

[bewurkje seksje] De gefolgen fan de Alderheljenfloed

De Alderheljenfloed hat grutte gefolgen foar East-Dongeradiel hân. It wie in ûnrêstige tiid.

Der giet in ferhaal dat der net sa fier fan Mitselwier in kabbeljau fongen waard. De gritenijsiktaris, Arend Boymer, soarge der foar dat de fisk oanbean waard oan steedhâlder Willem Loadewyk.

Yn 1592 waard der risselwaasjes makke. Der kaam in nije seedyk en der waard ek noch in stik lân ynpoldere yn it noarden fan Eastdongeradiel. Deputearre Steaten joegen Ernst van Aylva it tafersjoch dêr oer.

[bewurkje seksje] It âlde gemeentehûs

Yn earder tiden hâlde de gritenij har gearkomsten yn in herberch; yn Mitselwier stie dy herberch op it plak fan it lettere gemeentehûs oan de Balthasar Beckersrtjitte. Yn 1837 waard de herberch oankocht troch de gritenij, it waard doe noch wol in skoft ferhierd as herberch.

Yn 1876 fûn it gemeentebestjoer it tiid dat der in nij gemeentehûs komme moast. It âlde rjochthûs waard ôfbrutsen. Op 20 febrewaris 1877 waard de earste gearkomste hâlden yn it nije gemeentehûs ûnder lieding fan boargemaster S. Witteveen. In part fan it gemeentehûs hat doe noch in skoft yn gebrûk west as herberch, dit hat duorre oant 1909.

Mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard it gemeentehûs oerstallich. It is doe earst noch in skoft brûkt troch it Wetterskip, mar wurdt no brûkt as wenhûs.

[bewurkje seksje] It stasjon

De ferbining mei Nijewier wie lange tiid in kuierpaad troch it fjild; pas yn 1876 waard der in ferhurde dyk oanlein. Meidat it Dokkumer Lokaeltsje op 1 oktober 1901 oant Mitselwier trochlutsen waard, krige dizze strjitte yn de bebouwde kom al gau de namme Stasjonswei. Lang is it spoar net brûkt: op 30 juny 1936 ried de lêste reizgerstrein tusken Dokkum en Mitselwier. It spoar is yn'e Twadde Wrâldkriich opbrutsen. Oan de westkant fan it doarp leit noch al in stik fan de eardere spoardyk, mei it âlde stasjon dat no brûkt wurdt as wenhûs.

[bewurkje seksje] Mienskip

Under de feriening foar Doarpsbelang falle ek de Werynrjochtingkommisje, Grienkommisje, Iiskomitee en de Aldjierskommisje en de Braderykommisje. De Rank is de basisskoalle en De Pikestjelp it pjutteboartersplak. Buorljuhelp Mitselwier-Nijwier-Wetsens is in organisearre tsjinst foar buorljuhelp. Oan de stasjonswei stiet fersoargingshûs De Skûle.

Yn 1978, 1993 en 1997 (skoalreüny) wie in doarpsreüny, de fjirde is op 4 juny 2008. Der komt dan ek in fotoboek út oer Ald en Nij Miytselwier. Yn de gymnastykseal is mei Ald en Nij nei tolven in Nijjiersfeest.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • De Wierklank - sjongen
  • Metslawjisters - jongerein
  • Ropta Boys - fuotbal
  • TF Mitselwier - tennis
  • OVMNW - ûndernimmers

[bewurkje seksje] Befolking:

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Strjitten

Balthasar Bekkerstrjitte, De Oerslach, De Pelfinne, De Snikke, It Skûtsje, Julianastrjitte, Master Fan Loanstrjitte, Reidswâl, Roptawei, Sanewei, Singel, Skipfearsein, Skûlestrjitte, Stasjonswei, Tsjerkebuorren, Túnstrjitte, Wilhelminastrjitte.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53°21'36.08"NB, 6° 4'4.61"EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen