26 febrewaris
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
19 - 20 - 21 - 22 - 23 - 24 - 25 - 26 febrewaris - 27 - 28 - (29) - 1 - 2 - 3 - 4 - 5
26 febrewaris is de 57e dei fan it jier.
Der folgje noch 308 dagen (yn in skrikkeljier noch 309).
[bewurkje seksje] Foarfallen
- 1324 - Margareta fan Beieren trout yn Keulen mei de Dútske keizer Loadewyk de Beier.
- 1658 - De Frede fan Roskilde makket in ein oan de Deensk-Sweedse Oarloch (1657-1658). Denemark moat hast de helte fan syn grûngebiet ôfstean oan Sweden.
- 1815 - Napoleon ûntkomt fan Elba.
- 1935 - Yn Daventry yn it Feriene keninkryk, demonstreart Robert Watson-Watt de earste radar.
- 1986 - 14e Alvestêdetocht, wûn troch Evert van Bentum út St. Janskleaster yn in tiid fan 6.55 oere.
- 1995 - De âldste ynvestearingsbank fan it Feriene Keninkryk, Barings Bank, giet fallyt neidat effektenmakelder Nick Leeson €1,1 miljard ferlear op de beurs fan Tokio.
[bewurkje seksje] Berne
- 1418 - Christoffel III fan Denemark, kening fan Denemark († 1448)
- 1784 - Elias Annes Borger - Nederlânske heechlearaar yn de teology en letteren yn Leien.
- 1802 - Victor Hugo, Frânsk skriuwer
- 1829 - Levi Strauss, Dútsk-Amerikaansk sakeman en útfiner fan de spikerbroek († 1902).
- 1846 - Buffalo Bill, Amerikaansk jager en entertainer († 1917).
- 1877 - Carel Steven Adama van Scheltema, Nederlânsk sosjalistysk dichter († 1924)
- 1928 - Fats Domino, Amerikaansk rock and roll-sjonger
- 1932 - Johnny Cash, Amerikaansk countrysjonger († 2003)
- 1943 - Johnny Höglin, Sweedsk reedrider
- 1945 - Jan Jansen, Nederlânsk hurdfytser
- 1974 - Martin Hersman, Nederlânsk reedrider en sportkommentator
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 1538 - Worp fan Thabor Fryske kronykskriuwer ferstoarn yn Turns
- 1577 - Erik XIV fan Sweden, kening fan Sweden
- 1972 - Tom Manders, Nederlânsk tekener en kabaretier
- 1998 - Jaap ter Haar, Nederlânsk historikus en (berneboeke)skriuwer
19 - 20 - 21 - 22 - 23 - 24 - 25 - 26 febrewaris - 27 - 28 - (29) - 1 - 2 - 3 - 4 - 5
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier

