Almelo

Ut Wikipedy
Almelo
Almelo (2003)
Almelo (2003)
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Almelo
Sifers
Ynwennertal 69.605 (2022)[1]
Oar
Ferkearsieren Mariënberg - Almelo,
Dimter - Almelo,
Almelo - Salzbergen,
Swol - Almelo,
A35, N36, N349, N743
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 22' NB, 6° 40' EL
Kaart
Almelo (Oerisel)
Almelo

Almelo is in stêd yn en it haadplak fan de gemeente mei deselde namme yn de Nederlânske provinsje Oerisel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Almelo ûntstie yn de midsiuwen. De namme giet werom op de Germaanske wurden alma " olm " en lauha " lo ". In lo is in bosk dat op sângrûn leit en faak deun by in delsetting leit.

Op de krusing fan de Almelooske Aa en dy lânwei waard it Hûs Almelo boud. Ut âlde dokuminten docht bliken dat de delsetting yn alle gefallen yn 1420 al stedsrjochten hie.

De stêd hie in grêft, mar gjin muorre, en hat dan ek nea fan militêr belang west. Hûs Almelo bestiet nei alle gedachten al sûnt de 12e iuw en is oant op de dei fan hjoed yn hannen fan de famylje Van Rechteren Limpurg. De famylje hie iuwenlang ferskate rjochten yn de stêd Almelo, wêrûnder dat om rjocht te sprekken.

Nei 't yn 1664 de doetiidske hear fan Almelo, Zeger Van Rechteren (1623 - 1674), it útoefenjen fan de katolike godstsjinst ferbea, ferlieten de nonnen fan it Almelose Sint Catharinakleaster yn 1665 Almelo, en festigen har 300 meter oer de grins mei Dútslân wat súdwestlik fan it Nederlânske Glane yn in kleaster dat sy de namme Maria Vlucht joegen. Nei de opheffing fan it kleaster waarden de tsjerkeskatten ferspraat oer de regio.

Yn de 17e en 18e iuw kaam de húsweverij hieltyd mear op. De yntree yn Almelo fan de earste stoommasine, yn 1830, feroarsake in oergong nei fabryksmjittige produksje. De tekstylyndustry waard ek befoardere troch de oanlis fan it Oerisselsk Kanaal (yn 1855) en it spoar fan Almelo nei Salzbergen (yn 1865). Om 1900 hinne wiene der dan ek gâns rike famyljes yn Almelo en út dy tiid datearje in soad lânhuzen en filla's yn ferskate stilen lykas jugendstil, ekspresjonisme en neorenêssânse.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich wie Almelo ien fan de plakken dêr't yn septimber 1941 de razzia fan Twinte plakfûn. Yn Almelo waarden 10 Joadske manlju oppakt en sy kamen om yn konsintraasjekamp Mauthausen. Goed 60 joadske stedsgenoaten waarden rêden troch ûnder oare Frits Tusveld en dy syn frou Henny Averink.

Op 15 novimber 1944 diene acht fersetslju in oerfal op De Nederlandsche Bank oan de Wierdensestraat. De bút wie 46,1 miljoen gûne, de heechste bút ea by in oerfal yn Nederlân.

Neioarlochske perioade[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn febrewaris 1946 is Almelo troch dykbreuken yn Nederlân en Dútslân ûnder wetter rûn. Yn guon strjitten fan de stêd stie it wetter oardel meter heech. It Nederlânske Reade Krús foarseach de ynwenners mei frachtweinen en lytse boatsjes fan iten en soarge foar siketransport.

Fan de sechstiger ôf krige de Almelose tekstylyndustry it troch de goedkeapere bûtenlânske konkurrinsje hiel dreech, wat ta massale bedriuwsslutingen late en hege wurkleasheidssifers. In soad tekstylfabriken binne ôfbrutsen, mar guon gebouwen binne behâlden bleaun.

Fan de filla's dy 't tekstylbaronnen bouwe lieten is Bellinckhof oan de Wierdensestrjitte bewarre bleaun. boud troch de famylje Ten Cate yn de jierren 20 fan de 20e iuw is it ek ien fan de grutste tekstylhuzen yn Twinte. It hûs en park binne net tagonklik foar publyk. It ûntwerp is fan arsjitekt Karel Muller.

Yn de twadde helte fan de 20ste iuw waard Almelo's stedssintrum bot renovearre, mei om it autoferkear te begeunstigjen. Tige in soad âlde bebouwing waard sloopt en nije bebouwing yn eigentiidske arsjitektuer ferskynde, wêrby 't inkelde (yndustriële) monuminten behâlden bleaune. De yndustriële havenkom yn it stedssintrum waard yn 1952 tichtsmiten. Inkelde tsientallen jierren letter ûntstie stadichoan, op min ofte mear itselde plak, in nije haven foar passanten.

Kultuer en toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Besjensweardichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It koar fan de protestantske Grutte Tsjerke stammet út de 15e iuw, it skip datearret út 1733. Al yn 1236 is sprake fan in boarchkapel yn Almelo dat doe ûnder de parochy Ootmarsum foel. De toerspits waard yn de 18e iuw pleatst troch gravin Sophia Juliana von Castell Rüdenhausen. Boppe de yngong fan de toer is in Latynske ynskripsje út it jier 1738.

De roomsk-katolike Georgiustsjerke waard boud yn it begjin fan de 20e iuw (1900-1902) yn neogoatyske styl en is de earste tsjerke dy't ûntwurpen waard troch Wolter te Riele. De tsjerke is 3 novimber 2009 ferheft ta basilyk. Yn de folksmûle wurdt de tsjerke "de Sjors" neamd.

Oan 'e Nieuwstraat stiet de nôtmûne De Hoop út 1870. Yn 1995 waard de mûne by in grutte restauraasje folslein mealfeardich oplevere en is sûnt dy tiid op frijwillige basis wer yn bedriuw.

Museums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Stedsmuseum Almelo lit in byld sjen fan de skiednis fan Almelo. It sit yn it Rectorshûs, in monumintaal pân yn it sintrum. Flak by de Grutte Tsjerke stiet it ek monumintale Wevershúske. Hjir is ûnder mear in eksposysje te finen oer weven en fine demonstraasjes plak fan âlde ambachten as spinnen en kantklossen. Boppe de kadowinkel fan Bolletje oan de Grotestraat is Bakkerijmuseum De Meelzolder fêstige. Yn Kunsthal Hof 88 oan 'e Elisabethhof binne tentoanstellingen fan hjoeddeistige byldzjende keunst te finen. En oan it Marktplein is it Huis van Katoen en Nu mei ûnder oare histoaryske foto's en ynformaasje oer de skiednis fan fuotbalklup Heracles.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Almelo leit oan de Ryskwei 35 tusken Swol en Ynskedee en de Provinsjale wei 349 nei Denekamp. Yn stêd lizze ferskate spoarlinen, en twa stasjons, Stasjon Almelo en Stasjon Almelo de Riet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Almelo
Stêd:
Almelo
Doarpen:
AadorpBornerbroekMariaparochie (foar in part)
Buorskippen:
BavinkelDeldenerbroek (foar in part)Tusveld
Wetter:
HollandergravenLeemslagenplasWeezebeek
wizigje