Fryske Nasjonale Partij
Ut Wikipedy
De Fryske Nasjonale Partij is in politike partij die allinnich yn de provinsje Fryslân warber is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De partij waard oprjochte yn 1962 troch aktivisten fan de Fryske Beweging, as reaksje op de grutte nasjonale partijen. Neffens de oprjochters wiene de Fryske ôfdielingen fan dizze partijen tefolle op de Rânestêd rjochte.
Yn 1966 wûn de FNP de earste sit yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân, doedestiid ynnaam troch de provinsjale listlûker Jan Bearn Singelsma. Itselde jier helle de partij ek ferskate sitten by de gemeenteriedsferkiezings. Yn 1995 ferbûn de partij him foar de steateferkizings mei oare provinsjale partijen en De Grienen ta de Ûnôfhinklike Steatefraksje. Op dy wize krigen de partijen ien sit yn de Earste Keamer. Tusken 1995 en 2003 siet Marten Bierman fan De Grienen op it plak. Sûnt 2003 is Hindrik ten Hoeve fan de FNP de ôffeardige yn de Earst Keamer.
[bewurkje seksje] Stânpunten
De FNP wurdt as in sosjale partij beskôge. De N stiet foar Nasjonaal, mar is it net sa dat de FNP foar in ûnôfhinklik Fryslân is. Wol sjocht de partij de Friezen as in apart folk en wurdt troch de partij in federalistysk polityk systeem yn Fryslân neistribbe. De FNP wol mear autonomy foar Fryslân; mear brûkme, beskerming en erkenning fan de Fryske taal troch offisjele oerheidsynstânsjes en eigen gesach oer de gasreserves yn de Fryske boaiem. Fierder makket de FNP him sterk foar de Fryske kultuer en sporten.
[bewurkje seksje] Represintaasje
Sûnt 1995, doe’t de partij mei De Grienen en oare regionale partijen begûn gear te wurkjen, hat de partij ien sit yn de Earste Keamer krigen. Ald FNP-steatelid Hindrik ten Hoeve sit sûnt 2003 ôf op dat plak.
By de steateferkiezings fan 2003 helle de partij ûnder lieding fan listlûker Johannes Kramer 7 fan de 55 sitten. De partij die serieus mei oan de kolleezje-ûnderhannelings, mar stapte dochs net yn it kolleezje omdat it stânpunt oangeande oanlis fan de kontroversjele sweeftreinferbining tusken Grins en Amsterdam. Yn 2007, mei lytsere Provinsjale Steaten en oare politike omstannigheden, is dit tal tebek rûn nei 5 sitten.
De FNP hat yn 21 fan de 31 Fryske gemeenten 54 riedsleden. Yn Achtkarspelen, Dongeradiel en Wymbritseradiel binne FNP-wethâlders wylst Theunis Piersma fan de FNP yn Wûnseradiel sels boargemaster is. Dat makket de FNP de earste, en oant no ta ek de iennichste regionale partij yn Nederlân dy't in boargemaster levere hat.
Op Jeropeesk nivo wurdt de partij fertsjinwurdige troch de Jeropeeske Frije Alliânsje.
[bewurkje seksje] Stimmers
De minsken dy’t op de FNP stimme wenje benammen yn it westlike part fan Fryslân. Yn Littenseradiel waard yn 2003 troch 28% fan de stimmers op de FNP stimt.
[bewurkje seksje] Literatuer
- "Tusken Fryske dream en Nederlânske macht, fjirtich jier Fryske Nasjonale Partij", Kerst Huisman, 2003.

