Kasjgar

Ut Wikipedy
Kasjgar

قەشقەر

Minaret tichteby de Id Kah moskee
Minaret tichteby de Id Kah moskee
Polityk
Lân Folksrepublyk Sina
Autonome regio Sinkiang
Sifers
Ynwennertal 351.874 (2003)
Oerflak 294,21 km²
Befolkingsticht. 1.196/ km²
Hichte 1270 m
Oar
Tiidsône GMT+6
Koördinaten
Offisjele webside
www.xjks.gov.cn
Lizzing Kasjgar yn Sina

Kasjgar, Kashgar of Qashqar is in stêd yn de autonome regio Sinkiang. De oazestêd leit bewesten de Taklamakanwoastyn, yn it fiere westen fan Sina, op 1304 m hichte oan de foet fan it Pamirberchtme en oan de Kasjgar darya. Eastlik fan de stêd lizze de ruïnes fan de âlde hannelstêd Hano-i.

De stêd is de meast westlike Sinese stêd op de siderûte.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kasjgar wie yn it earstoan in stedssteat yn Sinkiang, dy't oant de 8e iuw mear as ien kear troch Hunnen en Han-Sinezen oermastere waard (wie ûnder oaren protektoraat fan de Westlike Han-dynasty, 1e iuw f.Kr.). Yn 78 n.Kr. waard der in Sineesk garnisoen legere. Ein 7e iuw kaam de stêd yn hannen fan de T'ang-dynasty en dêrnei efterelkoar yn hannen fan Turkske Karlukken (8e iuw), Oeïgoeren (10e11e iuw) en Kara-kitai (12e iuw). Mei de ferovering troch de Mongoalen yn 1219 kaam in bloeiperioade, dy't einige mei de plondering troch Timoer Lenk (14e iuw). Under de Tj'ing-dynasty waard de stêd wer Sineesk (1755). Sûnt 1755 hat de stêd geregeldwei it toaniel west fan islamityske opstannen (benammen yn 18621875 en 19281937). Yn de 19e iuw makke in Sintraal-Aziatyske kriichshear, Yakub Beg, himsels ta khan fan de steat Kasjgaarje. Nei syn dea yn 1877 kaam it gebiet wer ûnder Sineesk bestjoer.

Begjin augustus 2008 wie der yn Kasjgar in oanslach op de Sineeske grinsplysje. Der rekken doe sechtjin plysjes dea en sechtjin ferwûne (neffens steatsparseburo Xinhua News Agency. Neffens de Sineeske plysje hie de oanslach in terroristysk karakter dy't ferbân hâlde soe mei de militante separatistyske groep, de Islamityske Partij fan Turkestan.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gearstalling befolking yn 2000.

Folk Ynwennertal Part fan befolking
Oeïgoeren 263.507 77,36 %
Han-Sinesen 74.184 21,78 %
Hui-Sinesen 988 0,29 %
Oezbeken 699 0,21 %
Tadsjiken 253 0,07 %
Kirgizen 231 0,07 %
Mandsjû 142 0,04 %
Mongoalen 138 0,04 %
Zhuang 98 0,03 %
Tujia 85 0,02 %
Miao 77 0,02 %
Kazachen 38 0,01 %
Russen 37 0,01 %
Oaren 163 0,05 %

De befolking bestiet foar it meastepart út Oeïgoeren dat de stêd is oerhearskjendislamitysk. It stêdsbyld wurdt fral bepaald troch islamityske arsjitektuer, sa as de bazaar en de grutte Id-Kah-moskee. De Sinese regearing is dwaande mei in wiidweidige modernisearring fan de stêd. De 1000 jier âlde binnenstêd wurdt systematysk sloopt en modernisearre. De Go west polityk fan de Sineeske oerheid stipet Han-Sinezen troch subsydzjes en koarting op belêstingen om nei de westlike Sineeske provinsjes te ferhúzjen, dat it persintaazje Han-Sinezen dêre nimt frijwat ta.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sneinsmerk Kasjgar

Kashjar is it begjinpunt (of einpunt) fan de Karakoram-wei, dy't Sina mei Pakistan ferbynt en de Torugartpas, dy't Sina mei Kirgyzje ferbynt.

Yn Kasjgar wurdt alle wiken op snein merk hâlden.

De stêd is fanâlds fan belang as hannelssintrum (knooppunt fan karavaanrûtes). Yn de fruchtbere omkriten wurde ûnder oaren griente, katoen en siderûpen teeld. De yndustry is meast grûnfêste op de lânbou (produksje fan lear, side, katoen en fiedingsmiddelen), bou fan lânboumasines) en fierders semintyndustry en it mei de hân meitsjen fan tapiten.


Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]