Koraalsee

Ut Wikipedy
Koraalsee
geografy
type wetter rânesee
lokaasje eastlik fan Queenslân
lân Austraalje
Fanûatû
Nij-Kaledoanje
Papoea Nij-Guineä
Salomonseilannen
koördinaten 18° S, 158° E
ûnderdiel fan Stille Oseaan
sifers
maks. lingte 2.400 km
maks. breedte 2.250 km
oerflak 4.791.000 km²
djiptegemiddelde 2.394 m
djipste punt 9.140 m
wetterfolume 11.470.000 km³
Eilannen en riffen yn de Koraalsee.
Eilannen en riffen yn de Koraalsee.

De Koraalsee Ingelsk: Coral Sea, Frânsk: Mer de Corail) is in rânesee fan de Grutte of Stille Oseaan. De see leit tusken Australyske dielsteat Queensland yn it westen, Papoea Nij-Guinea yn 't noardwesten, de Salomonseilannen yn 't noardeasten en Fanuatû en Nij-Kaledoanje yn it easten. Yn it suden grinzet se oan de Tasmansee. Yn it westen hat de see in ferbining mei de Arafurasee fia de Strjitte fan Torres.

De Koraalsee is neamd nei it Grut Barriêrerif, it meast grutte koraalrif fan de wrâld. It rif is yn 1981 troch de UNESCO op de Wrâlderfgoedlist set. Der mei beheind fiske wurde en sûnt 1975 wie it dien mei it ferkennend ûndersyk nei ierdoalje. De Koraalsee-eilannen, in Australysk ekstern territoarium, lizze yn dizze see. De riffen en eilannen fan de Koraalsee binne ryk oan fûgels en seelibben en foarmje ek in populêre bestimming foar it nasjonaal en ynternasjonaal toerisme.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie hjir in grutte seeslach, de Slach yn de Koraalsee.

Fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]