Nijemardum

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Nijemardum
Himrik fan  Nijemardum
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen 42
Ynwenners (2004) 480
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 51' NB, 5° 34' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8566
Webstee webstee Nijemardum
Foto nomd by mûne 't Swaantsje.
Utsjoch op Nijemardum

Nijemardum is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat tusken de bosken fan Gaasterlân en de Iselmar. It doarp hat likernôch 480 ynwenners.(2004).

Wierskynlik hat der eartiids in plak Mardum west. Yn de twadde helte fan de 14e ieu binne dy wierskynlik splitst. Yn 1399 wurdt skreaun oer Nuwe Merden, noch letter as Naemardum, of Nijemirdum yn 1484 en Nijemardum yn 1493. Yn dy 14e ieu is ek de tsjerke boud, earst grif fan hout en letter ek fan bakstien. Doe't de tsjerke yn 1833 ôfbrutsen is bleau allinnich de toer mei syn stompe piramidedak stean. It wie in beaken foar skippen op de Sudersee. Der is in histoarysk begraafplak dêr't ek in pear Ingelske en Kanadeeske piloaten út de Twadde Wrâldkriich lizze. Ek binne der in pear islamityske grêven.

Yn Nijemardum sit sûnt 1997 it Kijmuseum Hast alles oer kij.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

Ien kear yn de moanne ferskynt “Doarpsnijs”, in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Strjitten

De Griene Singel, Heaburgen, Hege Bouwen, Heidepaad, Hoitebuorren, Lyklamawei, Nij Amearika, Omrin, Wissebuert, Wytlânsdykje.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

52° 51' NB, 5° 34' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings