Nikolaj Ivanovitsj Karejev

Ut Wikipedy
N. I. Karejev

Nikolaj Ivanovitsj Karejev (Moskou, 6 desimber 1850 - Leningrad, 18 febrewaris 1931) wie in Russysk skiedkundige.

Karejev studearre ôf oan de Universiteit fan Moskou yn 1873 op de skiednis fan de Frânske Revolúsje ûnder V. I. Ger'e. Hy wie heechlearaar oan de Universiteit fan Warsjau fan 1879 oant 1884 en letter oan de Universiteit fan Sint Petersboarch. Hy wie fan 1929 ôf earelid fan de Akademy fan Wittenskippen fan de USSR.

Hy wie de iennichste histoarikus fan syn tiid dy't Lev Tolstoj syn fyzje op de skiednis serieus bestudearre hat [1]

Krekt as in soad oare yntellektuelen yn Ruslân waard Karejev djip beynfloede troch de liberale, progressive, konstitúsjonele en sosjalistyske bewegingen dy 't har oan ‘e ein fan de njoggentjinde iuw yn Ruslân ûntwikkelen. Peter Kropotkin, de Russyske anargist, beskriuwt him as ien fan mar in pear dy 't de Frânske Revolúsje korrekt begriep, omdat er 'bewegingen bestudearre hie dy 't foarôfgiene oan de revolúsje fan 14 july'. [2]

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ocherk istorii reformatsionnogo dvizheniia i katolicheskoi reaktsii v Pol’-she. Moskou, 1886.
  • Neizdannye dokumenty po istorii parizhskikh sektsii 1790–1795 gg. Sint Petersburch, 1912.
  • Neizdannyeprotokoly Parizhskikh sektsii 9 termidora Hgoda. Sint Petersburch, 1914.
  • Iz dalekogo i blizkogo proshlogo (samling). Petrograd-Moskou, 1923.
  • Istoriki Frantsuzskoi revoliutsii, vol. 3. Leningrad, 1925.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Isaiah Berlin, Russische denkers, Synopsis, s. 83. Utjouwerij De Arbeiderspers 1981.
  2. Peter Kroptokin (1902). "Kropotkin to Nettlau, March 5, 1902 : On Individualism and the Anarchist Movement in France"