Siebold Hartkamp

Ut Wikipedy

Siebold Jan Hartkamp (Alfen oan de Ryn, 8 novimber 1938) is in Nederlânsk politikus fan de ARP en letter it CDA en de Partij fan de Arbeid.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn heit, Jan Hartkamp, wie dûmny yn ûnder oaren Alfen oan de Ryn en Den Helder. Siebold Hartkamp studearre yn 1965 ôf yn de rjochten oan de Frije Universiteit Amsterdam, wêrnei't er yn tsjinst gie as juridysk meiwurker op it ministearje fan Definsje yn De Haach. Dêrnei wurke er op it kabinet fan de Kommissaris fan de Keninginne yn Noard-Brabân en brocht it ta referendaris twadde klasse. Yn dy perioade wie hy ek polityk aktyf, sa wie hy yn de gemeente De Bosk gemeenteriedslid wêrby't hy diel útmakke fan de ARP/CHU-fraksje. Yn oktober 1971 folge syn beneaming ta boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Hartkamp bleau dit ek nei de gemeentlike weryndieling fan 1984 doe't ûnder oaren de gemeente Frjentsjer derby kaam. Yn 1993 waard hy boargemaster fan Snits wat hy oant syn pinsjonearring yn novimber 2003 dwaan bliuwen soe.

Hartkamp wie lange tiid haadredakteur fan it wykblêd CD/Actueel. Hy betanke foar it CDA nei oanlieding fan it flechtlingebelied en de gearwurking mei de PVV en waard lid fan de PvdA. As kollumnist wie Hartkamp ûnder mear aktyf foar it politikologetydskrift Namens, it wykblêd De Nederlandse Gemeente, de Snitser Zakenspiegel en de Leeuwarder Courant. Fan syn kollums yn it VNG Magazine ferskynde de bondel Gebakken Luchtkastelen (1999), syn kollums mei deselde namme yn CD/Actueel, ûnder it pseudonym Van Schalsum, bondele yn Ik wil me er niet mee bemoeien.

Hartkamp wie fierder bestjoerlik warber op it mêd fan keunst en arsjitektuer. De Siebold Hartkamp Stichting rikt alle jierren de Kleine Bouwprijs van Sneek út oan opdrachtjouwers fan lytse bouwurken mei bysûnder omtinken foar de wolstân. Yn Fryslân wied er ûnder oare foarsitter fan de Provinciale Planologische Commissie en de Aankoopcommissie Beeldende Kunst. Lanlik wie er foarsitter fan de Stichting Doen.

Siebold Hartkamp is eareboarger fan de Japanske stêd Kurobe en Offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau.