Slachte

Ut Wikipedy
Slachte
lokaasje
neiste plak Easterbierrum Raerd
oare ynformaasje
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea
Slachtedyk
It monumint by Getswerdersyl by de Slachte

De Slachtedyk of Slachte is in hast 42 kilometer lange eardere slieperdyk troch Westergoa. Slachte is in âlde namme foar (meastal) in binnendyk

De dyk kronkelt fan de Waadseeddyk tusken Seisbierrum en Easterwierrum tusken Harns en Frjentsjer oer de eastlike ouwer fan de eardere Middelsee nei it suden. Hy giet dan fierder lâns Achlum en giet dan mei in skerpe bocht nei it easten, om efkes fierderop nei it suden ôf te slaan. Tusken Lollum en Kûbaard giet de hjit Slagtedyk hjittende dyk fierder, súdlik fan Wommels en dan lâns Lytsewierrum en Boazum nei Raerd).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dyk is net as gehiel oanlein, mar ûntstien út keppeling en útwreiding fan de âldste polderdiken yn Westergoa, mei útsûndering fan it dykfek tusken Getswerdersyl en de seedyk. It gearfoegjen ta ien wetterkearing wie bedoeld om it gebiet tusken dizze binnendyk en de Middelseedyk fan Westergoa te beskermjen tsjin trochbraken yn de westlike en súdlike seediken fan Fryslân It ûntstean wurdt ûngefear yn de tsiende oant 13e iuw pleatst (mar hjiroer is strideraasje). De earste offisjele melding fan de dyk is makke yn 1506. Yn de bewarre bleaune argyfstikken komt de namme foar it earst yn 1461 foar.[1] By de wettersneed fan 1825 hat de dyk foar it lêst as seewarring tsjinne. Sûnt 1995 hat de dyk gjin funksje mear as twadde wetterkearing. It Fryske Gea hat de Slachtedyk as kultuerhistoarysk monumint en natoergebiet yn behear. Yn de dyk sieten in tsiental saneamde kearslûzen (silen). De noardliks lizzende slûs wie Getswerdersyl, de ienige slûs dy't mei doarren ôfsluten wurde koe.[2]

Ofwettering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de ôfwettering en de skipfeart waarden der tsien silen (slûzen) yn de Slachtedijk oanbrocht. It wiene Getswerdersyl, Kiestersyl, Skieppesyl, Payesyl, Tolsumersyl, Krommesyl, Hidaardersyl, Saanlanstersyl, Boazumersyl en Dillesyl. Dizze silen wiene kearslûzen. Se stienen meastentiids iepen en waarden allinnich ticht setten at it wetter keard wurde moast. Dat barde meastal troch ûnder de brêge balken yn sluven sakje te litten. Kiestersyl hie oant 1946 slûsdoarren, Getswerdersyl hie by de sloop yn 1982 noch syn doarren.

It ôfsluten barde allinnich at by stoarmwaar de sediken drigen te beswiken. Men regulearre der ek it binnenwetter mei. At bygelyks by oanhâldene westewyn it wetter yn de Harnzerfeart heech opjage waard rjochting Frjentsjer sleat men de doarren fan de Kiestersyl.

In syl by Tellens waard yn de rin fan de tiid ferfongen troch in dûker, dy't mei in skúf ôfsluten wurde koe. Ek op ferskate oare plakken dêr't gjin skipfeartbelang wie, wiene dûkers foldwaande foar de ôfwettering.[3]

Behear en ûnderhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It behear fan de Slachtedyk wie yn hannen fan in ôfsûnderlike Kontribúsje (wetterskip), mei as belutsen partijen de gritenijen Menameradiel, Frjentsjerteradiel, Baarderadiel, Hinnaarderadiel, de stêd Frjentsjer en de binnen de dyk lizzende doarpen fan Barradiel. Elk doarp yn it troch de dyk beskerme lân krige in dykfek te ûnderhâlden. It oppertafersjoch waard útoefene troch it Hof fan Fryslân oant 1579 en yn de tiid fan de Republyk troch de Steaten fan Fryslân.

Ferspraat oer de hiele lingte fan de Slachtedyk stiene dykhuzen op de barm. It wiene meastentiids ienfâldige wenten mei in houten skuorre. De eigenaren fan de huzen hiene it fruchtgebrûk fan in dykgedielte besteande út it rjocht op gers. Meastal holden se in pear kij op skiep.[4]

Gjin slieperdyk mear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de wettersneed fan 1825 hat de dyk foar it lêst effektyf as seewarring tsjinne. Noch yn 1967 konkludearre de Deltakommisje dat it winsklik wie de Slachtedyk binnen de haadwetterkearing te hanthavenjen as twadde wetterkearing, as fergrutting fan de feilichheid. Mar yn 1991 stie yn in rapport fan Rykswettersteat dat de benedige krúnhichte foar dizze twadde wetterkearing oer de hiele lingte nearne oanwêzich wie. It opheffen fan de needkearing fan de Kiestersyl yn 1995 illustrearre dat de rol fan de Slachtedyk as slieperdyk útspile wie.

It Fryske Gea hat de Slachtedyk als kultuerhistoarysk monumint en natoergebiet yn behear.

Slachtemaraton[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan it projekt Simmer 2000 is foar it earst de Slachtemaraton holden, in maraton oer de hiele lingte fan de dyk, foar hurddravers en kuierders. Dêrfoar waard súdwest fan Wommels de Nije Kromme boud, in brêge (of eins in fiadukt) foar fytsers en fuotgongers oer de provinsjale wei N359, dy't op dat punt yn 'e 1970-er jierren dwers troch de Slachte hinne oanlein wie. Benoarden Frjentsjer waard fierders de Slachtetille boud, in brêge om 'e kuierders oer de A31 te lieden. Sûnt 2000 wurdt de slachtemarataon om de fjouwer jier holden.

Fotogalerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierder lêze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • U. Hosper, P. Karstkarel, S. van der Woude- De Slachte: de oude dijk, de geschiedenis, de landschappen, de dorpen, de marathon. Friese Pers Boekerij, Ljouwert (2008)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Siem van der Wouden (2000) - "Monument van de Maand: Slachtedijk", Drachten: Noard-Nederlânsk buro foar Toerisme (oarspronklik útjûn yn 1990) ISBN 9073845548.
  • De Slachtedyk

  1. Schwartzenberg en Hohenlansberg, G.F. baron thoe, Groot Placaat en Charterboek Vriesland diel 1 (Ljouwert 1768) blz. 602: Koopbrief van 28 juni 1461: Haya Poppama verkoopt aan Ydza Douwaz. twintig pondemaat land ‘binnen de Slachte’.
  2. Hosper, Ultsje (et al.) De Slachte, side 50, útjouwerij Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2001
  3. Rienks pp. 272-274;
  4. Rienks pp. 253-257
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard