Springe nei ynhâld

Standerttype Vierlingsbeek

Ut Wikipedy
Stasjon Hurdegaryp

It Standerttype Vierlingsbeek is in stasjonsûntwerp dat foar ferskate stasjons yn de jierren fyftich en sechstich brûkt waard. It earste gebouke waard yn 1956 boud yn Vierlingsbeek, dêrom de namme.

Soart gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

W.B. Kloos wie de arsjitekt fan dit type stasjonsgebou. It prototype fan dit stasjonsgebou ferriisde yn 1956 yn Vierlingsbeek. Kloos ûntwurp dit type sadanich dat de plattegrûn fan it gebou hieltyd neffens winsk oan 'e pleatslike situaasje oanpasse wurde koe en dat de ûnderlinge opinoarfolging fan 'e romten mei ûnderskate funksjes wizige wurde koe. It skelet fan it gebou soe dêrom út in rige betonnen portalen bestean dat nei ferlet ynfolle wurde koe mei de ferskate funksjes. Dizze foarm fan betonskeletbou mei inselde soarte betonportalen waard ek tapast troch arsjitekt Koen van der Gaast by de stasjons Eindhoven en Vlaardingen East, dy 't yn itselde jier as Vierlingsbeek klear kamen. De seis betonportalen, elk 4,50 meter breed, waarden op in ûnderlinge ôfstân fan 4 meter, dwers op de lingterjochting fan de spoarline op perronhichte pleatst en foarmen sa in stramyn fan fiif like grutte romten.

Stasjons fan it type Vierlingsbeek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tal boud: 12, tal noch oanwêzich: 7.

Stasjon boud Opmerkingen
Vierlingsbeek 1956 Yn 2004 ôfbrutsen
Almelo de Riet 1957 Pân yn gebrûk as snackbar
Wezep 1957 Yn 2002 ôfbrutsen
Doetinchem West 1959 Pân yn gebrûk as stoffearderij
Koog Bloemwijk 1959 Yn 1986 ôfbrutsen
Wijlre-Gulpen 1959 ûnderdiel fan museumspoorline miljoeneline, en it pân is yn gebrûk as snackbar.
Blerick 1960 Yn 2001 ôfbrutsen
Kerkrade Sintrum 1960 Yn 1995 ôfbrutsen
Soest Súd 1963
Hurdegaryp 1964 Pân is yn gebrûk as jongereinsintrum
Bovenkarspel-Grootebroek 1965 Pân is yn gebrûk as winkel
Hoogkarspel 1965 Pân is yn gebrûk as kapsalon