Universiteit fan Frjentsjer

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
De Universiteit fan Frjentsjer
De Universiteit fan Frjentsjer

De Universiteit fan Frjentsjer destiids ek wol Academiae Franekerensis neamd, is oprjochte yn 1585. Yn 1811 is er by dekreet fan Napoleon tagelyk mei de Universiteit fan Hurderwyk sletten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Stifting

De universiteit is stifte troch de Steaten fan Fryslân. Al wie in wichtige reden dat dûmnys sa hjir yn de omkriten oplaat wurde koenen, dochs waard besluten net allinnich in seminarium te begjinnen, mar in universiteit. De universiteit is op 29 july 1585 iepene, en wie fêstige yn Frjentsjer, yn it eardere Krúshearenkleaster. Ek de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk hat him grut makke foar de oprjochting.

Tritich jierren lang wie de Akademy neist de Leienske de ienige universiteiten yn de Nederlannen. De start wie ynearsten ûnthjittend mei in waaksend oantal studinten - benammen dy fan de teologyske fakulteit nam bot ta - mar sûnt 1660 rûn it oantal stadichoan tebek, mei in lytse oplibbing om 1700 hinne. Yn 1774 moast in grutte besunigingoperaasje trochsetten wurde. bezuinigingsoperatie worden doorgevoerd.

[bewurkje seksje] Fakulteiten

De universiteit hie fjouwer fakulteiten:

[bewurkje seksje] Ynfloed

Mei om't Frjentsjer yn dy tiid in kalvinistysk bolwurk wie, woeks fral de fakulteit fan de godsgeleardens yn de 17e ieu út ta ien fan de wichtigste yntellektuele sintra fan Nederlân. Ferneamde learden joegen yn Frjentsjer ûnderwiis, wat in protte studinten oanluts. Ek de lettere steedhâlder Willem IV wie hjir studint.

Yn de 236 jier dat de Fryske universiteit bestien hat hawwe sawat 15.000 studinten ynskreaun stien, in tredde fan de studinten kaam út it bûtenlân, wêrûnder in protte Poalen en Hongaren, in fearn út oare provinsjes fan de republyk. Yn totaal hawwe 2072 studinten promovearre yn Frentsjer. Mar der waard net allinnich leard troch de studinten, by de befolking stie de universiteit ek bekend as de súpakademy.

[bewurkje seksje] Ein

Troch ûnder oaren de grutter wurdende konkurrinsje en de minder wurdende ekonomy, bleau de universiteit yn de rin fan de 18e ieu efter by de ûntwikkeling yn de rest fan Jeropa. It tal útlânske studinten rûn tebek, en yn de Frânske tiid wie der in dúdlike delgong fan it tal studinten. Doe't Napoleon yn 1811 it tal universiteiten ferminderje woe, waard de universiteit fan Frjentsjer net wichtich genôch mear en hâld dy iepen. Nei 226 jier, en nei 13.706 ynskeaune studinten, kaam der sa in ein oan de Universiteit fan Frjentsjer.

[bewurkje seksje] Neitiid

In part fan de hortus botanicus waard yn 1812 oernaam troch de Universiteit fan Grins. Fan 1815 oant 1843 hat de skoalle noch in Ryksateneum west. It behear fan de biblioteek fan de universiteit hat ien fan de redenen west ta de stifting yn 1852 fan de Provinsjale Biblioteek. De oare besittings, wêrûnder de ksylooteek, kamen yn it besit fan de stêd, en binne no part fan de kolleksje fan it Museum Martena.

[bewurkje seksje] Hjoeddeisk

Der is al ris besocht de universiteit wer te iepenjen, mar oant no ta is dat net slagge. Sûnt 1996 is it foar promovendy oan de Universiteit fan Grins, as it mêd fan de promoasje, of de promovendus sels, in bân mei Fryslân hat, mooglik om yn Frjentsjer te promovearjen. En yn 1998 is de Universiteit Twente hjir it Kartesius-ynstitút begûn. Fierders hat Fryslân yn Ljouwert mei de Fryske Akademy in akademyske ynstelling foar stúdzje fan de Fryske Taal.

Yn it begjin fan de njoggentiger jierren is de Stifting Frjentsjerter Universiteit oprjochte mei as doel minsken te ynteressearjen foar alles wat streekrjocht of sydlings mei Fryslân te meitsjen hat.

[bewurkje seksje] Ferneamde studinten en heechleararen

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings