Yvan Le Bolloc'h

Ut Wikipedy
Yvan Le Bolloc'h
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Yvan Le Bolloc'h
nasjonaliteit Frânsk
berne 20 desimber 1961
berteplak Brest (Frankryk)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
wurksum as presintator, akteur
medium tillefyzje, radio
jierren aktyf 1980-er jierren – no
offisjele webside
www.yvanlebolloch.com
In noat oer útspraak: de Bretonske c'h is de Fryske ch fan "berch"; IPA: [x].

Yvan Le Bolloc'h (Brest, 20 desimber 1961) is in Frânsk presintator en akteur fan Bretonsk etnysk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Le Bolloc'h waard yn 1961 berne yn 'e stêd Brest, op 'e westlike útein fan it skiereilân Bretanje. Hy begûn syn karriêre as learaar en stie fjouwer jier foar de klasse op skoallen yn Bretanje.

Letter wurke Le Bolloc'h geregeldwei gear mei Bruno Solo. Sa diene se yn 'e earste helte fan 'e 1990-er jierren tegearre de presintaasje fan ferskate muzykprogramma's op 'e tillefyzjestjoerder Canal+, wêrûnder Le Top 50 en Le plein de super.

Yn 1999 makke Le Bolloc'h syn debút as akteur yn 'e film Cuisine chinoise fan Frédérique Feder. Datselde jiers wied er ek foar it earst op it toaniel te sjen yn it stik Un barrage contre le Pacifique fan Marguerite Dumas. Fan 2001 oant 2004 spile Le Bolloc'h yn 'e tillefyzjesearje Caméra Café, op 'e tillefyzjestjoerder M6, dêr't yn 2004 ek in film op basearre waard, ûnder de titel Espace détente. Dêrnjonken wied er ek koart te sjen yn 'e tillefyzjesearje Kaamelott, fan Alexandre Astier.

Fierders die Le Bolloc'h oan 'e ein fan 'e 2000-er jierren mei oan 'e realitytillefyzjeprogramma's On va pas s'gêner, presintearre troch Laurent Ruquier op Europe 1, en On a tout essayé, op France 2.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Le Bolloc'h is in oanhinger fan 'e Frânske Sosjalistyske Partij. Op 1 maaie 2007 fersoarge er de presintaasje by in gearkomste yn it Stadion fan Charlety om partijliedster Ségolène Royal te stypjen.

Hy is ek aktyf as muzikant en spilet al sûnt syn jonkheid gitaar. Hy is lid fan 'e sigeunermuzykgroep Ma Guitare s'Appelle Revient, dy't syn ynspiraasje ûntlient oan 'e Gipsy Kings.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1999 – Cuisine chinoise
  • 2000 – On fait comme on a dit
  • 2001 – Moulin à paroles
  • 2001 – Le Mal dy pays
  • 2001 – J'ai faim!!!
  • 2003 – Les Clefs de bagnole
  • 2004 – Espace détente
  • 2007 – Le Bénévole
  • 2009 – Le Séminaire
  • 2017 – Caméra Café: Origins

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1991-1993 – Le Top 50
  • 1993 – Le plein de super
  • 2001-2004 – Caméra Café
  • 2005 – Kaamelott

Teäter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1999-2000 – Un barrage contre le Pacifique
  • 2008 – Les deux canards

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.