2024
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 | 2029 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2024 MMXXIV |
Ab urbe condita | 2777 |
Armeenske kalinder | 1473 ԹՎ ՌՆՀԳ |
Etiopyske kalinder | 2016 – 2017 |
Hebriuwske kalinder | 5784 – 5785 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2079 – 2080 |
- Shaka Samvat | 1946 – 1947 |
- Kali Yuga | 5125 – 5126 |
Iraanske kalinder | 1402 – 1403 |
Islamityske kalinder | 1446 – 1446 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4720 – 4721 庚卯 – 辛辰 |
2024 is in skrikkeljier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 2024.)
Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- jannewaris
- 1 - Estlân fiert it homohoulik yn.
- 1 - De Republyk Artsach wurdt formeel opheft, en Nagorno-Karabach giet op yn Azerbeidzjan.
- 1 - It westen fan Japan wurdt troffen troch in swiere ierdbeving fan 7,6 op de skaal fan Richter, wêrby't 240 minsken omkomme en 1.289 oaren ferwûne reitsje. Begjin febrewaris binne der noch 15 fermisten.
- 1 - Etioopje makket bekend in oerienkomst mei Somalilân sletten te hawwen oer it brûken fan 'e haven fan Berbera. Somalilân is in de facto ûnôfhinklik lân yn it noarden fan Somaalje dat lykwols gjin erkenning fan 'e bûtenwrâld genietet. Etioopje jout oan fan doel te wêzen om as earste lân de ûnôfhinklikheid fan Somalilân te erkennen.
- 1 - De auteursrjochten fan de earste tekenfilms fan Mickey Mouse ferfalle. Steamboat Willie, de earste tekenfilm mei lûd, heart dêr ek ta.
- 3 - By de fjirde jierlikse betinking yn 'e Iraanske stêd Kerman fan 'e moard troch de Feriene Steaten op 'e Iraanske generaal Kasem Soleimani fiert de soennityske terroristyske organisaasje Islamityske Steat in dûbele bomoanslach út. Dêrby komme 94 minsken om en reitsje 284 oaren ferwûne.
- 8 - Yn Ekwador ropt presidint Daniel Noboa de steat fan belis út yn it ramt fan oangeande striid tsjin 'e drugskartels.
- 10 - Súd-Afrika beskuldiget Israel yn it ramt fan 'e oangeande Gaza-oarloch fan genoside op 'e Palestynske befolking yn 'e Gazastripe en spant in proses tsjin Israel oan foar it Ynternasjonaal Gerjochtshôf yn De Haach.
- 12 - In Westerske koälysje ûnder lieding fan 'e Feriene Steaten set útein mei it útfieren fan bombardeminten op 'e Hûty-rebellen yn noardlik Jemen. De Hûtys falle al langere tiid passearjende ynternasjonale keapfardijskippen oan yn 'e Golf fan Aden en de súdlike Reade See út ûnfrede oer it Israelyske hâlden en dragen yn 'e Gaza-oarloch.
- 14 - By in troanwikseling yn Denemark docht keninginne Margareta II ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan har soan, Freark X.
- 15 - Nei in koarte politike krisis wurdt de herfoarmingsgesinde opposysjekandidaat Bernardo Arévalo dochs beneamd ta presidint fan Gûatemala.
- 19 - Mei de op ôfstân betsjinne SLIM-misje wurdt Japan it fyfde lân dat in romteskip op 'e moanne lânet.
- 26 - It Ynternasjonaal Gerjochtshôf yn De Haach sprekt in tuskentiids fûnis út yn 'e rjochtsaak dy't Súd-Afrika tsjin Israel oanspand hat om 'e Israelyske genoside op 'e Palestynske befolking yn 'e Gazastripe. Israel moat der alles oan dwaan om genoside foar te kommen. Hamas moat de Israelyske gizelders fuortendaliks frijlitte.
- febrewaris
- 2 - By fûleindige boskbrannen yn Sily, yn 'e neite fan 'e stêden Valparaíso en Viña del Mar, komme mear as 120 minsken om it libben.
- 8 - By parlemintsferkiezings yn Pakistan winne politisy fan 'e ferbeane partij fan 'e finzen sittende âld-premier Imran Khan de relative mearderheid fan 101 sitten yn it 264 sitten tellende parlemint. Om't se lykwols meidwaan moasten as ûnôfhinklike kandidaten, ropt Nawaz Sharif fan 'e PML (N), dy't mei 75 sitten op it twadde plak einiget, de oerwinning út.
- 14 - By de presidintsferkiezings yn Yndoneezje wint Prabowo Subianto, in eardere generaal dy't him yn 'e 1990-er jierren skuldich makke hat oan oarlochsmisdieen en misdieden tsjin 'e minsklikheid yn sawol Yndoneezje sels as East-Timor.
- 16 - Grikelân fiert it homohoulik yn. It is it earste Eastersk-otterdokse lân dat dat docht.
- 16 - Yn in strafkamp yn Charp, yn Sibearje, komt de foaroansteande Russyske opposysjelieder Aleksej Navalny om it libben. Syn famylje en Westerske regearings binne derfan oertsjûge dat er fermoarde is troch it diktatoriale rezjym fan Vladimir Pûtin.
- 21 - By de bou fan de nije Kanaalbrêge oer it Twintekanaal yn it Nederlânske Lochem (Gelderlân), komme twa minsken om it libben as gefolch in ûngelok by it pleatsen fan in part fan de nije brêge.
- 22 - It Amerikaanske Intuitive Machines wit as earste kommersjele bedriuw in fiertúch op 'e moanne te lânjen.
- 26 - Yn Berlyn wurd RAF-terroriste Daniela Klette oppakt, nei't se trittich jier op de flecht west hie foar de plysje.[1][2]
- 29 - Der binne no ûnder de boargerbefolking fan 'e Gazastripe 30.000 deaden fallen troch it Israelyske optreden yn 'e oangeande Gaza-oarloch.
- maart
- 7 - Sweden wurdt as 32e lân lid fan 'e NATO.
- 11 - Wylst der yn Haïty in krisis hearsket dy't it lân ûnderdompele hat yn anargy, wêrby't wapene bindes de tsjinst útmeitsje, makket premier en presidint Ariel Henry syn oansteande ôftreden bekend.
- 15-17 - By presidintsferkiezings yn Ruslân dy't noch frij, noch earlik binne, wurdt diktator Vladimir Pûtin foar in fyfde termyn "keazen".
- 22 - Fjouwer leden fan 'e islamistyske terroristyske organisaasje IS kringe yn it Russyske Krasnogorsk, in foarstêd fan Moskou, it konsertgebou de Crocus City Hall binnen, dêr't se it fjoer iepenje op 'e konsertgongers. Der komme teminsten 144 minsken om en teminsten 551 oaren reitsje ferwûne. In fjouwertal manlju út Tadzjikistan, wêrfan't de Russyske autoriteiten sizze dat it de dieders binne, wurdt letter by Brjansk arrestearre en mei sichtbere ferwûnings foar de rjochter brocht. Presidint Vladimir Pûtin hâldt tsjin alle bewizen en logika yn fol dat de Oekraïne op 'e iene of oare manear by de oanslach belutsen is.
- 25 - De Feilichheidsrie fan 'e Feriene Naasjes nimt in resolúsje oan wêryn't oproppen wurdt om fuortendaliks in sjitferbod yn te stellen yn 'e Gaza-oarloch. Der binne ûnderwilens al mear as 30.000 Palestynske boargers omkommen by de oanhâldende Israelyske bombardeminten.
- 26 - Yn 'e Amerikaanske stêd Baltimore stoart de wichtige Francis Scott Keybrêge yn nei't der in grut containerskip tsjinoan fearn is. Seis minsken dy't op dat stuit op 'e brêge mei ûnderhâld dwaande binne, komme dêrby om. De haven fan Baltimore wurdt troch de resultearjende ravaazje folslein isolearre, sadat der gjin skip mear yn of út kin.
- 26 - Yn 'e nacht fan 25 op 26 maart witte yn AquaZoo te Ljouwert alve waskbearen te ûntsnappen út harren ferbliuw yn 'e bistetún.[3]
- april
- 1 - Israel fiert in bombardemint út op 'e Iraanske ambassade yn 'e Syryske haadstêd Damaskus, wêrby't 16 minsken omkomme. Oanfallen op diplomatike fertsjintwurdigings binne misdieden ûnder it ynternasjonaal rjocht, mar de Feriene Steaten blokkearje yn 'e Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes in resolúsje ta feroardieling fan Israel.
- 3 - It easten fan Taiwan wurdt troffen troch in swiere ierdbeving fan 7,2 op de skaal fan Richter.
- 5 - Yn 'e Ekwadoraanske haadstêd Quito falt de plysje de ambassade fan Meksiko binnen om 'e eardere Ekwadoraanske fise-presidint Jorge Glas te arrestearjen. Glas, dy't foar korrupsje feroardiele is ta 6 jier finzenisstraf, hie polityk asyl frege oan en krigen fan Meksiko. De Ekwadoraanske skeining fan it Ferdrach fan Wenen oangeande Diplomatyk Ferkear bringt Meksiko en Nikaragûa derta om 'e diplomatike bannen mei Ekwador te ferbrekken.
- 9 - Yn Itaalje fynt ûnder wetter in eksploazje plak yn in wetterkrêftsintrale yn it opslachmar fan Suviana tusken Florâns en Bologna. Ferskate wurknimmers komme om it libben.
- 13 - Iraan fiert mei raketten en drones in oanfal op Israel út ta ferjilding fan it Israelyske bombardemint fan 'e Iraanske ambassade yn 'e Syryske haadstêd Damaskus earder dizze moanne. Mei't Iraan de aksje 72 oeren yn 't foar oankundige hat, slagget it Israel, de Feriene Steaten en Jordaanje om frijwol alle raketten en drones del te sjitten foar't se har doelwyt reitsje kinne.
- 16 - Yn Kopenhagen, de haadstêd fan Denemark, rekket it histoaryske Beursgebou slim skansearre troch in brân.
- 16 - Swiere rein yn 'e krite fan 'e Perzyske Golf liedt ta de dea fan teminsten 32 minsken en ta oerstreamings yn 'e Feriene Arabyske Emiraten dy't de lofthaven fan Dûbai splis sette.
- 26 - Yn Frjentsjer rekket de gevel fan it Keatsmuseum slim skansearre as gefolch fan in plofkreak.
- 27 - Nepal fiert it homohoulik yn.
- maaie
- 9 - Rapper Joost Klein docht yn it Sweedske Malmö mei oan de heale finale fan it Eurofyzjesjongfestival.
- 10 - SC Cambuur spilet tsjin Helmond Sport de lêste kompetysjewedstriid yn it Cambuurstadion.
- juny
- 14-14 july - It Europeesk kampioenskip fuotbal 2024 wurdt holden yn Dútslân.
- 15 - De 6e edysje fan de Slachtemaraton wurd organisearre.
- july
- 26-11 augustus - Yn Parys wurde de Olympyske Simmerspullen 2024 holden.
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- jannewaris
- 1 - André Hissink, Nederlânsk kriichsfeteraan (* 1919)
- 2 - Carmen Valero, Spaansk atlete (* 1955)
- 3 - René Metge, Frânsk autokoereur (* 1941)
- 3 - Daniel Revenu, Frânsk skermer (* 1942)
- 4 - Glynis Johns, Welsk aktrise (* 1923)
- 4 - David Soul, Amerikaansk akteur (* 1943)
- 5 - Mário Zagallo, Braziljaansk fuotballer (* 1931)
- 5 - Henk Zoetendal, Frysk fuotballer (* 1941)
- 7 - Franz Beckenbauer, Dútsk fuotballer (* 1945)
- 7 - Francisca Ravestein, Nederlânsk politika (* 1952)
- 9 - James Kottak, Amerikaansk drummer (* 1962)
- 10 - Terry Bisson, Amerikaansk skriuwer (* 1942)
- 10 - Tisa Farrow Amerikaansk aktrise (* 1951)
- 11 - Arie van der Valk, Nederlânsk hoareka ûndernimmer (* 1929)
- 14 - Howard Waldrop, Amerikaansk skriuwer (* 1946)
- 15 - Carles Falcón, Spaansk motorkoereur (* 1978)
- 16 - Lise Thiry, Belgysk firologe (* 1921)
- 16 - Sergio Sebastiani, Italjaansk kardinaal (* 1931)
- 17 - Shawnacy Barber, Kanadeesk atleet (* 1994)
- 18 - Marjon Brandsma, Nederlânsk aktrise (* 1943)
- 19 - Lance Larson, Amerikaanks swimmer (* 1940)
- 20 - Norman Jewison Kanadeesk regisseur (* 1926)
- 20 - Henk van den Breemen, Nederlânsk generaal (* 1941)
- 22 - Luigi Riva, Italjaansk fuotballer (* 1944)
- 22 - Gary Graham, Amerikaansk akteur (* 1950)
- 23 - Frank Farian, Dútsk muzykprodusint (* 1941)
- 23 - Melanie Safka, Amerikaansk sjongeres (* 1947)
- 24 - Jesse Jane, Amerikaansk pornoaktrise (* 1980)
- 26 - Jacobus Q. Smink, Frysk dichter en oersetter (* 1954)
- 30 - Jan de Rooy, Nederlânsk rallykoereur (* 1943)
- febrewaris
- 1 - Michel Jazy, Frânsk atleet (* 1936)
- 1 - Carl Weathers, Amerikaansk akteur (* 1948)
- 2 - Christopher Priest, Ingelsk skriuwer (* 1943)
- 3 - Victor Emanuel van Savoye, kroanprins fan Itaalje (* 1937)
- 3 - Aston Barrett, Jamaikaansk bassist (* 1946)
- 4 - Jan van Veen, Nederlânsk radio presintator (* 1944)
- 4 - Hage Geingob, presidint fan Namybje (* 1941)
- 5 - Dries van Agt, Nederlânsk minister president (* 1931)
- 5 - Toby Keith, Amerikaansk muzikant en akteur (* 1961)
- 6 - Sebastián Piñera, presidint fan Sily (* 1949)
- 6 -Javier Salmerón, Spaansk atleet (* 1966 kin ek 1967 wêze)
- 7 - Luigi Arienti, Italjaansk hurdfytser (* 1937)\
- 11 - Ino Frankes, Frysk drummer (* 1963)
- 11 - Kelvin Kiptum, Keniaansk atleet (* 1999)
- 14 - Volie Schermer-de Jong, Frysk fersetstrider (* 1923)
- 14 - Jacques Rousseau, Frânsk atleet (* 1951)
- 15 - Kagney Linn Karter, Amerikaanske pornoaktrise (* 1987)
- 16 - Chris de Korte, Nederlânsk judo trainer (* 1938)
- 16 - Aleksej Navalny, Russysk politikus en aktivist (* 1976)
- 18 - Piet Venema, Frysk iismaster (* 1933)
- 20 - Vasile Dîba, Roemeensk kanofarder (* 1954)
- 20 - Andreas Brehme, Dútsk fuotballer (* 1960)
- 23 - Joan Haanappel, Nederlânsk keunstrydster (* 1940)
- 24 - Kenneth Mitchell, Kanadeesk akteur (* 1974)
- 26 - Giuseppe D'Altrui, Italjaansk wetterpoloër (* 1934)
- 27 - Richard Truly, Amerikaanks astronaut (* 1937)
- 28 - Dave Myers, Ingelsk telefyzjekok (* 1957)
- 29 - Ali Hassan Mwinyi, presidint fan Tanzania (* 1925)
- maart
- 1 - Iris Apfel, Amerikaansk ûntwerpster (* 1921)
- 1 - Péter Povázsay, Hongaarsk kanofarder (* 1946)
- 4 - Kees Rijvers, Nederlânsk fuotballer en bûnscoach (* 1926)
- 5 - Vadym Hladoen, Oekraynsk basketballer (* 1937)
- 6 - Joep Coppens, Nederlânsk keunstner (* 1940)
- 6 - Johan Frieswijk, Frysk skiedkundige (* 1943)
- 9 - Antanas Bagdonavičius, Litousk roeier (* 1938)
- 10 - Sergej Diomidov, Oezbeeksk turner (* 1943)
- 10 - T.M. Stevens, Amerikaansk bassist (* 1951)
- 11 - Marina van der Es-Siewers, Aldste minske fan Nederlân (*1913)
- 11 - Emilio Correa, Kubaansk bokser (* 1953)
- 14 - Frans de Waal, Nederlânsk Biolooch (* 1948)
- 15 - Paul Josef Cordes, Dútsk kardinaal (* 1934)
- 16 - Kees Verheul, Nederlânsk skriuwer (* 1940)
- 17 - Steve Harley, Ingelsk sjonger (* 1951)
- 18 - Thomas Stafford, Amerikaansk romtefarder (* 1930)
- 18 - Rose Dugdale, Iersk terroriste (* 1941)
- 18 - Kenjiro Shinozuka, Japansk rallykoereur (* 1948)
- 24 - Dennis Bouman, Nederlânsk rapper (* 1970)
- 25 - Fritz Wepper, Dútsk akteur (* 1941)
- 25 - Humphrey Campbell, Nederlânsk sjonger (* 1958)
- 26 - Jerre Hakse, Frysk keunstner (* 1937)
- 26 - Richard Serra, Amerikaansk keunstner (* 1938)
- 28 - Theo Olthuis, Nederlânsk skriuwer (* 1941)
- april
- 2 - Juan Vicente Pérez Mora âldste persoan (* 1909)
- 3 - Tootie Heath, Amerikaansk drummer (* 1935)
- 5 - Harry Dikmans, Nederlânsk akteur en tekener (* 1927)
- 6 - Philip Wagner, Nederlânsk heechlearaar (* 1962)
- 7 - Pat Hennen, Amerikaansk motorkoereur (* 1953)
- 8 - Peter Higgs, Ingelsk Natuerkunde (* 1929)
- 9 - Max Werner, Nederlânsk drummer (* 1953)
- 10 - O.J. Simpson, Amerikaansk Amerikaansk fuotballer en akteur (* 1947)
- 12 - Olga Fikotová, Tsjechoslowaaksk-Amerikaansk diskuswerpster (* 1932)
- 12 - Roberto Cavalli, Italjaansk moade-ûntwerper (* 1940)
- 14 - Beverly LaHaye, Amerikaansk skriuwster (* 1929)
- 15 - Pedro Rubiano Sáenz, Kolombiaansk kardinaal (* 1932)
- 15 - Bernd Hölzenbein, Dútsk fuotballer (* 1946)
- 16 - Jacques Cooper Frânsk ûntwerper (* 1931)
- 16 - Rodney Gould Ingelsk motorkoereur (* 1943)
- 28 - Dickey Betts, Amerikaansk muzikant (* 1943)
- 23 - Henk Jongerius, Nederlânsk preester (* 1941)
- 23 - Yukio Kasaya, Japansk skânsspringer (* 1943)
- 24 - Mike Pinder, Ingelsk toetsenist en sjonger (* 1941)
- 30 - Paul Auster, Amerikaansk skriuwer (* 1947)
- maaie
- 1 - Richard Tandy, Ingelsk toetsenist (* 1948)
- 2 - Sjoukje Dijkstra, Frysk keunstrydster (* 1942)
- 3 - Imerio Massignan, Italjaansk hurdfytser (* 1937)
- 4 - Frank Stella, Amerikaansk keunstner (* 1936)
- 8 - John Barbata, Amerikaansk drummer (* 1945)
- 11 - Rick Brink, Nederlânsk politikus en minskerjochte-aktivist (* 1985)
- 13 - Alice Munro, Kanadeesk skriuwster (* 1931)
- 14 - George Groot, Nederlânsk kabaretier (* 1942)
Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 | 2029 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|