Dom fan Fulda

Ut Wikipedy
Sint-Salvatordom

Dom St. Salvator

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Fulda
koördinaten 50° 33' N 9° 40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Fulda
patroanhillige Kristus de Ferlosser
Arsjitektuer
arsjitekt Johann Dientzenhofer
boujier 1704–1712
boustyl barok
Webside
hiemside Fulda
Kaart
Dom fan Fulda (Hessen)
Dom fan Fulda

De Dom fan Fulda of de Sint-Salvatordom is in eardere kleastertsjerke yn 'e Dútske stêd Fulda. Yn 'e domtsjerke leit it grêf fan 'e apostel Bonifatius en dêrom is de tsjerke in belangrike beafeartstsjerke]]. De tsjerke waard tusken 1704 en 1712 ûnder foarstabt Adalbert von Schleifras boud en op 15 augustus 1712 oan Kristus Salvator wijd. Ynearsten tsjinne de tsjerke as de abdijtsjerke fan it kleaster Fulda, dat yn 1802 waard ûntbûn, en sûnt 1752 waard de tsjerke de katedraal fan it bisdom Fulda. De domtsjerke foarmet in hichtepunt fan 'e barokke arsjitektuer yn Hessen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint-Ratgarbasilyk.

De domtsjerke waard boud op it plak fan 'e eardere Sint-Ratgarbasilyk, ea de grutste basilyk noard fan 'e Alpen. It ûntwerp foar de nije stiftstsjerke waard makke troch ien fan 'e grutste barok-arsjitekten yn dy tiid, Johann Dientzenhofer (1663–1726). Dy hie yn 1699 in stúdzjereis nei Rome makke en waard troch de paus by foarstabt Adalbert von Schleifras oanrikkemandearre as boumaster. Nei de ôfbraak fan 'e Ratgarbasilyk waard op 23 april 1704 útein set mei de bou fan 'e barokke tsjerke. By de bou waarden de âlde fûneminten fan 'e basilyk foar in part op 'e nij brûkt. Op 15 augustus 1712 waard de domtsjerke wijd. De nijbou tsjinne as de abdijtsjerke foar de Benediktinen en de grêftsjerke fan Bonifatius. Letter, yn 1752, waard de tsjerke ek de katedraal fan it bisdom. Yn 1802 waard de abdij mei de sekularisaasje ûntbûn, mar de tsjerke bleau de katedraal fan it bisdom.

Alter mei grêf Bonifatius.

By in jubileumfeest fan Bonifatius op 4 juny 1905 waard fjoerwurk ôfstuten. Nei alle gedachten rekken dêrby de nêsten fan briedende kriefûgels yn 'e rjochtertoer yn 'e brân, sadat de toer ôfbaarnde. De klokken Osanna en Bonifatius waarden ferneatige, mar de brân sloech net oer nei oare dielen fan 'e dom.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de domtsjerke by de bombardeminten op 'e stêd skansearre. De katedraal waard neitiid restaurearre en bleau oant 1954 sletten.

Op 17 en 18 novimber 1980 besocht paus Jehannes Paulus II de stêd. In misse op it domplein waard doe troch mear as 100.000 minsken bywenne.

Omjouwing en dommuseum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noard fan 'e katedraal stiet de eardere Sint-Michaelpriorij, dy't sûnt 1831 de residinsje fan 'e biskop is, en de karolingyske Sint-Michaeltsjerke. De eardere barokke abdijgebouwen, dy't tusken 1771 en 1778 boud waarden, steane west fan 'e domtsjerke en wurde hjoed-de-dei troch de Universiteit fan Fulda brûkt. Tichteby de katedraal stiet de yn 'e jierren 1966-1968 boude moderne kapel fan it roomske seminaarje. Súd fan it kleaster steane de dekanaatsgebouwen.

Sulveren skryn mei de plasse fan Bonifatius.

De tagong ta it dommuseum is troch de tún fan it dekanaat. It museum besit in grutte kolleksje religieuze keunst oer in tiidrek fan mear as 1250 jier âlde skiednis fan 'e oarspronklike abdij oant de hjoeddeiske katedraal fan it bisdom. It sulveren alter mei de plasse fan 'e hillige Bonifatius en oare reliken is ien fan 'e meast wichtige stikken. Ek de dolk fan 'e Fryske heiden, wêrmei't de biskop fermoarde waard, is yn it alter ferarbeide.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadoargel hat in oargelkas út de 19e iuw. By in restauraasje fan 'e dom waard dy oargelkas restaurearre en yn 'e âlde kleuren werom brocht. De firma Rieger út Vorarlberg boude doe in nij ynstrumint efter de oargelkas en brûkte dêrby 24 registers fan it âlde oargel fan Wilhelm Sauer út 1877. It ynstrumint hat hjoed-de-dei 72 registers, ferdield oer fjouwer manualen (haadwurk, rêchposityf, swelwurk en boppewurk) en pedaal.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De domtsjerke is 99 meter lang, hat in koepelhichte fan 39 meter en in gevel mei oan wjerskanten 65 meter hege tuorren. Njonken de tuorren binne kapellen oanboud, de Andréaskapel en de Jehanneskapel. De trijeskippige pylderbasilyk hat in krúsfoarmich grûnplan mei in súdlik en noardlik transept. Oars as de measte âldere tsjerken hat de katedraal in westlike oriïntaasje. Under it heechkoer leit de Bonifatiuskrypte. De sydskippen rinne parallel oan it middenskip oant de Marijekapel (rjochts) en de sakristy (lofts). Dy oanbousels grinzgje fuort oan 'e eardere kleastergebouwen.

Grêven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fuldaer Dom