Tauberbischofsheim

Ut Wikipedy
Tauberbischofsheim
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Main-Tauber-Kreis
Stedsyndieling 7 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 13.513 (2022)
Oerflak 69,29 km²
Befolkingsticht. 195 ynw./km²
Hichte 183 m
Oar
Postkoade 97941
Koördinaten 49° 37' N 9° 39' E
Offisjele webside
www.tauberbischofsheim.de
Kaart
Tauberbischofsheim (Baden-Wuertemberch)
Tauberbischofsheim

Tauberbischofsheim is in plak yn it noardeasten fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. It is de Kreisstadt fan 'e lânkring Main-Tauber-Kreis.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd leit yn it Baden-Wuertemberchske diel fan Franken yn in brede, nei it noarden en noardwesten rinnende delling fan 'e Tauber. Oan 'e súdlike râne fan 'e stêd mûnet de Brehmbach yn 'e Tauber út.

It stedsgebiet leit, teminsten oan ien kant fan 'e Tauber, hast 12 km oan 'e rivier. Oan 'e lofter kant is de delling maksimaal 7,5 km breed en op 'e rjochter kant maksimaal 4,5 km. It heechste punt leit oan 'e westlike grins fan it stedsgebiet oan 'e strjitte fan Külsheim nei Eiersheim. Dêr is de hichte 372 m boppe seenivo. It leechste punt is op it plak dêr't de Tauber it stedsgebiet ferlit en is minder as 168 m boppe seenivo.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de kearnstêd Tauberbischofsheim hearre de folgjende stedsdielen by Tauberbischofsheim:

  • Dienstadt (sûnt 1 jannewaris 1972).
  • Distelhausen (sûnt 1 jannewaris 1975).
  • Dittigheim (sûnt 1 jannewaris 1975).
  • Willetzheim (sûnt 1 jannewaris 1975).
  • Hochhausen (sûnt 1 july 1971).
  • Impfingen (sûnt 1 july 1971).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tauberbischofsheim waard yn it jier 836 yn 'e hagiografy fan 'e hillige Lioba as Biscofesheim neamd. Al yn 735 waard troch Bonifatius it Benediktynske kleaster Tauberbischofsheim (ek ûnder de namme Lioba-kleaster bekend) stifte, ien fan 'e earste Dútske nonnekleasters. De oan Bonifatius besibbe Lioba waard as abdis beneamd. Under har lieding ûntwikkele it kleaster him ta in belangryk foarmings- en kultureel sintrum foar it hiele gebiet om 'e benedenrin fan 'e Main. Mei it Benediktynske kleaster hie it plak al yn 'e 8e iuw in skoalle.

Slot fan 'e karfoarsten fan Mainz.

Tauberbischofsheim krige nei alle gedachten al yn 1147 by in besite fan Koenraad III, mar op syn lêst yn 1165 fan Freark I, it rjocht om merken te organisearjen. Yn 1180 waard de Petruskapel boud, it âldste bouwurk fan 'e stêd. It plak krige yn 1240 stedsrjochten. Krekt eefkes earder, yn 1237 joech keizer Freark II, de stêd as lien oan Kar-Mainz. Om 1275 hinne waard mei de bou fan in kastiel en muorren om 'e stêd útein set, dêr't hjoed-de-dei noch resten fan te sjen binne oan 'e Hungerturm.

Oant yn 'e 19e iuw wie de namme fan 'e stêd Bischofsheim. Om betizing mei oare plakken mei deselde namme, waard healwei de 19e iuw de namme Tauberbischofsheim wenst.

Yn 'e tiid fan it nasjonaalsosjalistyske bewâld hiene de joadske famyljes te lijen fan in útsûnderlike pogrom. Yn 1938 wie it ynterieur yn 'e de synagoge yn 'e Bachgasse al fernield. Fanwegen it gefaar dat de brân oersloech nei de rest fan 'e bebouwing waard de synagoge net yn 'e brân stutsen. Fuort nei de oerfal op Poalen waarden de noch yn Tauberbischofsheim wenjende joadske manlju op 3 septimber 1939 troch SA-manlju byinoar dreaun en mei in plakaat op it boarst mei de tekst Wir sind die Kriegshetzer ('Wy binne de kriichsstokelders') nei de synagoge dreaun, dêr 't hja misledige waarden en op 'e knibbels mei de mûle de grûn tútsje moasten. Dêrnei moasten se yn in bylâns rinnend streamke wetter lizzen gean en harrensels opdrukke. De 15 joadske famyljes waarden dêrnei wikenlang yn it gemeentehûs fêstset. Sûnt 1981 betinkt in plakette yn it gemeentehûs de 35 joaden, dy't yn dy tiid fermoarde binne.[1] Nei de Twadde Wrâldkriich folge de Amerikaanske besetting fan Tauberbischofsheim.

In 1250-jierrich jubileum fan 'e stêd waard yn 2005 fierd. Doe waard ek de hillige Lioba ta beskermfrou fan Tauberbischofsheim útroppen.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tauberbischofsheim leit oan 'e toeristyske Romantische Straße, de âldste en bekendste toeristyske rûte yn Dútslân. De stêd leit ek oan 'e Siegfriedstraße. Beide rûtes geane by in soad by toeristyske attraksjes lâns.

  • De Sint-Martinustsjerke waard yn 'e jierren 1910–1914 yn neogoatyske styl boud. Fan in 13e-iuwske romaanske foargonger bleau de toer en in 10e-iuwsk byld fan Martinus fan Tours bewarre.
  • De Liobatsjerke is in eardere Fransiskaanske kleastertsjerke en hat in barok ynterieur.
  • De Petruskapel is it âldste gebou fan Tauberbischofsheim en waard yn 1180 boud.
  • It grutste diel fan it eardere slot fan 'e karfoarsten fan Mainz datearret út de 15e en 16e iuw, mar giet werom op 1250. Yn it slot is hjoed-de-dei it Tauberfränkisches Landschafsmuseum ûnderbrocht.
  • Oan 'e Haupstraße en it Marktplatz steane moaie fakwurkhûzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tauberbischofsheim