Dokkum

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Dokkum
Ofbyld:Dokkumvroeger.jpg
Dokkum in eardere tiden

Dokkum is de noardlikste en eastlikste fan de Fryske stêden. Dokkum is it haadplak fan de gemeente Dongeradiel. Yn Dokkum wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk sprutsen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Oer de oarsprong fan de namme Dokkum binne ferskate ferklearrings yn omrin. Guon tinke in kombinaasje en gearlûking fan de Fryske manljusnamme 'Docko' dy't hjir in hiem hân hawwe soe. Oaren assosjearje Dokkum mei 'Tockingen', dat is in 'delsetting oan in tocht of stream'. Om Dokkum hinne binne terpen mei prehistoaryske grêven, dat dy omkriten hawwe in lange skiednis fan bewenning.

Yn in libbensbeskriuwing fan Bonifatius troch Willibald skreaun om 852 hinne is sprake fan 'Dockinga'. Oare farianten binne ûnder mear 'Villa Nocdac' en 'Dockynchirica'.

Olivier fan Keulen preke yn 1214 yn Dokkum de krústocht, wêr't dan ek Dokkumers oan meidien hawwe. Deze skiednis wurdt middels in heale moanne op it wapen fan Dokkum yn herinnering brocht.

Yn 1298 krige Dokkum nei Starum, Harns en Drylts as fjirde stêd fan Fryslân stedsrjochten.

Yn de Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje wie Dokkum in belangrike pion yn de striid. Yn 1572 wie de stêd inkele oeren yn hannen fan de Geuzen. Dokkum waard dêrfoar swier bestraft mei de Dokkumer Fury. Nei 1579, doe't Dokkum him oansluet by de Uny fan Utert begûn in tiidperk fan rêst.

Yn eardere jierren lei de stêd yn iepen ferbining mei de seeing met de see, it Dokkumer Grutdjip. Yn 1597 fêstige de Fryske Admiraliteit him yn Dokkum. Fan hjirút waarden alderlei saken foar de befeiliging fan de hannelsfeart en oarlochfiering mei Spanje op see regele. Dokkum wie fan grut strateguysk belang, wat ek blykt út de oanlis fan de stedswâlen yn de jierren 1581-1582.

Dochs bleau de Admiraliteit net lang yn Dokkum. Troch it tichtslykjen fan de farrûtes ferpleatste sy yn 1644 it kantoar nei Harns. Yn 1729 waard de iepen ferbining mei de Lauwerssee definityf ôfsluten troch de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen. Dizze ferfong teffens de âlde 16e ieuske seeslûs ûnder de Syl. Dokkum ûntwikkele him hieltiyd mear ta in op it lân oriïntearre stêd. Troch de oanlis fan de Strobosser trekfeart yn de jierren 1654 - 1656 gie Dokkum fallyt. Dokkum stie en stiet yn de lokaale tradysje bekend as "Earm Dokkum".

Oant 1984 wie Dokkum ekmin selsstannige gemeente. Troch in gearfoeging mei de gemeenten West- en Eastdongeradiel ûntstie de gemeente Dongeradiel.

Besuden Dokkum is in boarne dy't troch de oerlevering yn ferbân brocht wurdt mei (de dea fan) de Frankyske misjonaris Bonifatius yn 754 en dêrtroch in roomsk-katolyk beafeartsoard wurden is.

Yn Dokkum begûn Fedde Sonnema syn distillearderij en likeurstokerij, tsjintwurdich noch altyd bekend fan Sonnema Bearenburch. It âlde fabryk stiet noch altyd yn Dokkum. It pleintsje foar de eardere fabryk is nei Sonnema Sonnemapleintje neamd.

Yn de njongentjinde ieu ûntstie in tanimmend romtegebrek yn Dokkum. Dit kaam troch de fêstingwâlen dy't groei nei bûten behinderen, binnen it skoatsfjild fan de kanonnen op de bastions mocht nammentlik net boud wurde. Alle nijbou waard yn de binnenstêd opproppe, wat late ta it ferlies fan in soad histoaryske gebouwen. Gelokkich waard de binnenstêd fan Dokkum - as ien fan de earste plakken yn Nederlân - yn 1974 útroppen ta beskerme stedsgesicht. (Sjoch ek: Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân).

Foar de oarloch stoppe der ek in trein yn Dokkum, it Dokkumer lokaaltsje. De passasierstsjinst is al foar de oarloch opheft, it frachtferfier pas healwei de jierren 70, mar dochs is by mannich Dokkumer it Dokkumer lokaaltsje in bekend ding. So is der in kroech yn Dokkum mei de namme "Dokkumer lokaaltsje", en kin elke Dokkumer it wolbekende liet fan it treintsje. Yn 2008 binne de wer plannen makke foar it opnij oanlizzen fan dizze ferbining.

[bewurkje seksje] Dokkum (754-2004) 1250 jier

Omdat 754 de earste kear yn de skiednis is dat Dokkum neamd wurdt hat men dit as stiftingsjier fan Dokkum keazen. Yn 2004 wie dat 1250 jier lyn, en fanwege dat Jubileum wie 2004 foar Dokkum in jier fan feestlikheden. Onder andere met de vierjaarlijkse stadsfeesten werd dit jaar extra groot uitgepakt. Ook verscheen een standaardwerk over de geschiedenis van Dokkum, getiteld Geschiedenis van Dokkum, hart van noordelijk Oostergo.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

Stedhûs fan Dokkum

Ein 20e ieu is der in soad restaureard yn Dokkum. Mei jild fan de Jeropeeske Uny is de binnenstêd opnij straten en binne der ferskate keunstwurken oanbrocht. Ek partikulier is der in soad oan de st6ed opknapt. Foarbylden hjirfan binne de Kofjebrânerij, wêr't no in restaurant yn sit en trepgevelhûs 'De Gouden Hân' oan de Fleismerk. Dokkumer spesjaliteit is Dockumer kofje.

[bewurkje seksje] Waach

Dokkumer waach

De Waach is boud yn 1754, presys 1000 jier nei de stifting fan Dokkum. It hat 4 ioanyske pilasters mei byldhoude stedswapens en in klokkoepel.

Op de gevel stiet noch altyd de tekst waekt en weeght. Dit yn ferbân mei de twaliddige funksje dy't it earder hie. Ten earste waard hjir de suvel waacht en as twadde wiene hjir soldaten legere.

Tsjintwurdich sit der in restaurant yn de waach.

[bewurkje seksje] Tsjerken

[bewurkje seksje] Stedswâlen

Mole Seldenrêst op ien fan de bastions fan it bolwurk

Der binne fiif stedswâlen om Dokkum boud. Dizze stedswâlen stean bekend as bolwurken. Om dizze bolwurken lei wetter. De ienige yngongen om yn Dokkum te kommen wiene fjouwer poarten: Hanspoarte, Healemoannepoarte, Wâldpoarte en de Ealsumerpoarte. Om 21.55 waarden klokken lieden as warskôging dat de poarten ticht gienen. Minsken bûten Dokkum hienen dan noch fiif minuten de tiid om der yn te kommen. De bolwurken binne noch altyd goed te sjen omdat se noch yntakt binne. Ek no noch wurde om 21.55 yn Dokkum de klokken lieden om dizze tradysje yn eare te hâlden. Op de bolwurken stean ek de mûnen Seldenrêst en De Hoop.

[bewurkje seksje] Wettertoer

Wettertoer

De wettertoer fan Dokkum (1957) is ien fan de twa Fryske weropboumonuminten dy't yn 2007 troch de Rykstsjinst foar Argeology, Kultuerlânskip en Monuminten op de list fan ryksmonuminten út de weropbouperioade komd is.

Arsjitekt fan de toer is de Ljouwerter Jo Vegter. Boppe-yn de 37 meter hege toer soe destiids in restaurant komme mar dat is der nea fan komd.

[bewurkje seksje] Mienskip

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Fryslân Teater - toaniel

[bewurkje seksje] Ferbinings

Dokkum hie yn it ferline in iepen ferbining nei see troch it Dokkumer Djip. Yn 1596 waard dêr dan ek de Fryske Admiraliteit oprjochte. Mar om 1645 hinne gie de Admiraliteit nei Harns, en Dokkum rûn tebek wat de seefeart oanbelanget, oant yn 1729 in dyk tsjin it gefaar fan de Lauwerssee oanlein waard dy't Dokkum hielendal fan de see ôfsleat.

Fan 1645 oant 1656 is de Strobosser Trekfeart groeven yn opdracht fan de stêd Dokkum om de ferbining mei Grins te ferbetterjen. Troch de hege kosten kaam Dokkum yn grutte finansjele problemen.

Tusken 1901 en 1936 hie Dokkum ek in ferbining mei Ljouwert oer it spoar. It stasjon fan it saneamde Dokkumer Lokaeltsje lei doedestiids tusken Dokkum en Ealsum. Ferskeidene strjittenammen ferwize noch nei dy tiid, sa as de Stasjonswei, Stasjonsstrjitte en By 't Stasjon. Hjir yn de buert leit no wol it busstasjon wêr't de bussen fertrekke nei Ljouwert, Drachten en Bûtenpost.

[bewurkje seksje] Yndieling

Yn it sintrum fan Dokkum is de âlde binnenstêd, hiel dúdlik te werkennen oan de Bolwurken dy't noch hielendal rûnom bewarre bleaun binne.

Dokkum hat him yn de 20e ieu oan alle siden bûten de bolwurken útwreide. Der binne tal fan wenwiken bykaam:

  • Fonteinslânnen ( ten suden fan de binnenstêd )
  • Jantsjessee polder (súdkant)
  • Kooilânnen (súd-eastkant)
  • It Fûgellân (eastkant)
  • Weeshúslânnen (noardkant)
  • Huoddemakkerspolder (súdwestkant)
  • Wâldhoarne (westkant)

Fierders binne der ek noch twa yndustryterreinen:

  • Hege diken (eastkant, noard fan de Trekfeart)
  • Betterwurd (westkant)

[bewurkje seksje] Underwiis en Sûnenssoarch

Foarbylden fan ûnderwiis- en sûnenssoarchynstellingen yn Dokkum binne:

[bewurkje seksje] Berne yn Dokkum

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Dokkum.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53° 20' NB, 5° 60' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings